State of Alabama
Flagge fan Alabama Segel fan Alabama
Ofkoarting AL
Haadstêd Montgomery
Tiidsône -6
Algemien
Oerflakte 135.765 km2
Befolking 4.530.182
Oare ynformaasje
Tatreden 14 desimber 1819
Oantal countys 67

Alabama is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Montgomery.

Skiednis bewurkje seksje

It gebiet waard oarspronklik bewenne troch Yndianestammen. Dêrnei hawwe sawol de Frânsken, de Spanjerts as de Ingelsen om de hearskippij fochten. De earste Jeropeeske delsetting yn Alabama wie Mobile dat yn 1702 troch de Frânsken stifte waard.

Op 14 desimber 1819 kaam Alabama as de 22e steat by de Feriene Steaten fan Amearika.

Alabama, hie eartiids foaral in ekonomy dy't basearre wie op de tylt fan katoen en telde in soad slaven. Tidens de Amerikaanske Boargeroarloch stie it oan de side fan de Konfederaasje. Ek nei dizze oarloch wie Rasisme in grut probleem. Op de ein fan de 19e iuw waarden yn Alabama noch inkele rasistyske wetten oannomd wêrtroch de swarte befolking ûnder oaren harren stimrjocht ferlear. Dizze wetten soenen pas yn de sechtiger jierren fan de 20e iuw troch it Federaal Heech Gerjochtshof bûten wurking steld wurde.

Yn de fyftiger jierren ferbea it federale Heger Gerjochtshof it ûnderskied nei rassen yn it ûnderwiis. Dat late ta grutte spannings, omdat de regearing fan Alabama wegerjen bleau om swarte bern op blanke skoallen ta te litten. It federale leger moast der oan te pas komme om bern feilich nei skoalle bringe te kinnen.

Rosa Parks, dy't yn Alabama berne waard, waard wrâldferneamd troch har wegering om nei in lange dei wurkjen har sitplak yn de bus oan in blanke ôf te stean.

Yn de twadde helt fan de 20e iuw ferlear de katoentylt oan betsjutting en feroare de ekonomy, de wolfeart gong dêrtroch omheech.

Geografy bewurkje seksje

De steat Alabama is 135.765 km² grut, wêrfan 131.426 km² lân en heart ta de Sintral tiidsône (CT).

Alabama, dat oan de Golf fan Meksiko leit, grinzet yn it noarden oan de steat Tennessee, yn it westen oan Mississippi, yn it easten oan Georgia en yn it suden oan Florida.

De wichtichste rivieren binne de Mobile, de Tensaw, de Tombigbee, de Alabama, de Chattahoochee, de Coosa, de Tallapoosa en de Tennessee. Alabama telt in protte grutte marren, lykas Martin Lake en Lewis Smith Lake. It noardeasten fa de staat heart ta de Appalachen, mei as heechste punt de top fan Cheaha Mountain (734 m). Foar it measte part is it lân flak.

Keppeling om utens bewurkje seksje

 
             Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia