State of Minnesota
Vlag van Minnesota Zegel van Minnesota
Ofkoarting
Haadstêd Saint Paul
Tiidsône -6
Algemien
Oerflakte 225.365
Befolking 5.100.958
Oare ynformaasje
Tatreden 11 maaie 1858
Oantal countys 87


Minnesota is ien fan de steaten fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Saint Paul, en de grutste stêd is Minneapolis. Dizze stêden lizze tsjin inoar, oan beide kanten fan de Mississippy rivier en wurde de Twin Cities ("Twillingstêden") neamd. De namme Minnesota betsjut "himelkleurich wetter". Yn it noarden fan de steat lizze in soad Yndianereservaten.

Eartiids waard it gebiet befolke troch Yndianestammen as de Ojibwe en de . Nei de ûntdekking fan Amerika troch Kolumbus kamen de Jeropeanen. Oant it midden fan de 18e iuw hienen yearsten de Frânsken kontrôle, dêrnei kaam it yn Ingelske hannen. Yn 1849 waard Minnesota in territoarium dat ek it grûngebiet fan de lettere steaten Noard en Súd Dakota omfieme. De eastlike helt fan it territoarium waard op 11 maaie 1858 de 32e steat fan de Feriene Steaten. Tidens de Amerikaanske boargeroarloch stie it oan de side fan de Uny.

Geografy en klimaat

bewurkje seksje

De steat Minnesota is 225.365 km² grut en leit yn de Sintral-tiidsône. It grinzet yn it noarden oan Kanada, yn it westen oan de steaten Noard Dakota en Súd Dakota, yn it easten oan Wiskonsin en yn it suden oan Iowa.

Yn de Itasca State Park ûntspringt de lange rivier de Mississippy. Fierders telt Minnesota in soad grutere en lytsere marren. It noardeasten fan de steat leit oan de Boppemar. Minnesota is frij flak. It heechste punt is de top van Eagle Mountain (701 meter).

Minnesota stiet bekend fanwege harren barre klimaat. Op 2 febrewaris 1996 waard by it plak Tower -51 °C mjitten, wylst der yn de simmers fan 1917 en 1936 temperatueren berikt waarden fan 46 °C.

 
Foto makke by de Boppemar yn de winter

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·