Washington (steat)

steat fan de Feriene Steaten fan Amearika
State of Washington
Vlag van Washington Zegel van Washington
Ofkoarting WA
Haadstêd Olympia
Tiidsône UTC-8
Algemien
Oerflakte 184.824
Befolking 7,705,281
Oare ynformaasje
Tatreden 11 novimber 1889
Oantal countys 39


Washington is in steat fan de Feriene Steaten fan Amearika. De haadstêd is Olympia.

De steat Washington, dy't oan de westkust fan de FS leit, wurdt somtiids betize mei de Amerikaanske haadstêd Washington, dy't ticht by de eastkust leit.

De tsjintwurdige steat Washington makke eartiids diel út fan in folle grutter gebiet, nammentlik it Oregon territoarium. Op 11 novimber 1889 waard it de 42e steat fan de Feriene Steaten. De steat is ferneamd nei de eardere Amerikaanske presidint George Washington.

De steat Washington is 184.824 km² grut en leit yn de Pasific-tiidsône.

Washington leit oan de Grutte Oseaan en grinzet yn it noarden oan Kanada, yn it easten oan de steat Idaho en yn it suden oan Oregon.

Troch it midden fan de steat rint fan noard nei súd it Cascadesberchtme. It heechste punt is de pyk fan de fulkaan Mount Rainier (4392 meter). Yn it suden is Mount Saint Helens, in aktive fulkaan. De fjord Puget Sound, wêr't Seattle oan leit, komt fia ûnder mear de Strjitte fan Juan de Fuca út op de Grutte Oseaan.

In wichtige rivier is de Kolumbia, dy't yn Kanada ûntspringt en in grut part fan de grins mei Oregon foarmet. Twa oare grutte rivieren komme hjiryn út, de Spokane en de Snake. Yn it noardwesten fan Washington, it saneamde Olympic Peninsula, leit in reinwâld.

Bestjoerlike yndieling

bewurkje seksje
  De Wikipedy hat ek in side Countys yn Washington.

De steat is ûnderferparte yn 39 county's.

Keppeling om utens

bewurkje seksje
 
              Feriene Steaten
 
steaten
Alabama • Alaska • Arizona • Arkansas • Delaware • Fermont • Firginia • Floarida • Georgia • Hawaï • Idaho • Illinois • Indiana • Iowa • Kalifornje • Kansas • Kentucky • Kolorado • Konettikut • Louisiana • Maine • Marylân • Massachusetts • Michigan • Minnesota • Mississippy • Missoery • Montana • Nebraska • Nevada • Nij-Hampshire • New York • Nij-Jersey • Nij-Meksiko • Noard-Dakota • Noard-Karolina • Ohio • Oklahoma • Oregon • Pennsylvania • Rhode Island • Súd-Dakota • Súd-Karolina • Teksas • Tennessee • Utah • Washington • West-Firginia • Wyoming • Wiskonsin
ûnynkorporearre territoaria
Amerikaanske Famme-eilannen • Amerikaansk-Samoä • Gûam • Noardlike Marianen • Porto Riko
federaal distrikt
Distrikt Kolumbia
  ·   ·