Kolumbia (rivier)

De rivier de Kolumbia (Ingelsk: Columbia River, Frânsk: fleuve Columbia) is in rivier yn Britsk-Kolumbia, Kanada en it noardwesten fan 'e Feriene Steaten. It hat in lingtme fan 2040 km en in streamgebiet fan 668.000 km². It is nei de Mississippi, yn folume de grutste rivier yn Noard-Amearika en hat de grutste ôffier yn de Grutte Oseaan fan it Westlik healrûn. Troch it grutte folume wetter hat de rivier de bynamme The Mighty Columbia, de Machtige Kolumbia. De rivier is in wichtige boarne fan wetterkrêft yn Noard-Amearika, mei de 14 keardamen, dêr't de Grand Coulee Daam de wichtichste fan is. Ek bewettering fanút de rivier wurdt hjirmei mooglik makke.

Streamgebiet fan de Kolumbia
De Kolumbia by de Bonneville daam

Rin fan de rivier

bewurkje seksje
 
Astoria, Oregon. Flakby de mûning fan de Kolumbia yn de Grutte Oseaan.

De rivier ûntspringt yn de Kolumbiamar yn it Kanadeeske part fan it Rocky Mountains yn it súdeasten fan Britsk-Kolumbia op in hichte fan 820 meter. De rivier rint nei it noarden yn de Windermeremar en rint dan noardwestlik nei de Kinbasketmar. Dan folget de rivier nei in skerpe bocht it paad nei it suden ta, dêr't it de Amerikaanske steat Washington ynrint en dan dwers troch it midden easten fan de steat nei it suden, dêr't it by de grins fan Oregon nei it westen ta rint. It foarmet foar 480 km de grins tusken Washington en Oregon. De rivier mûnet dan út yn de Grutte Oseaan by Astoria, Oregon en Ilwaco, Washington.

De rivier hat in soad ôftakkings, dy't op harren bart ek wer ôftakkings hawwe. De wichtichste is de Snake.

Syd rivierren

bewurkje seksje
 
John Day daam
 
By Rowena Crest
 
Kinbasket mar Britsk Kolumbia

Dit binne de grutste syd rivierren yn folume.

Wichtige stêden oan de rivier binne: