Hood River (Oregon)

Hood River is in plak (city) en de haadstêd fan Hood River County yn it noarden fan de Amerikaanske steat Oregon. It leit oan de rivier de Kolumbia en is neamd nei de rivier de Hood. Neffens de folkstelling fan 2010 hie it plak 7167 ynwenners. De berch Mount Hood, dy't de heechste yn Oregon is, leit 48 km besuden Hood River. It plak leit yn it midden fan de Kleau fan de Kolumbia en sa'n lytse 100 km beëasten Portland. In tolbrêge ferbynt Hood River mei Bingen en White Salmon, dy't oan de Washingtonkant fan de Kolumbia lizze.

Hood River
Loftfoto fan Hood River
Loftfoto fan Hood River
Emblemen
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Oregon
County Hood River County
Sifers
Ynwennertal 8.313 (2020)[1]
Oerflak 8,7 km² (ynkl. wetter)
6.6 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 1236,16/ km²
Hichte 33 m
Oar
Stifting 1895
Postkoade 97031
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45° 42' 24" N 121° 31' 18" W
Offisjele webside
webside fan Hood River
Kaart
Loftfoto fan Hood River
De lizzing fan Hood River yn Hood River County en yn 'e steat Oregon.

Fruittylt en de deroan besibbe yndustry foarmet in wichtige boarne fan ynkomsten, lykas houtferwurking, sûnenssoarch, software-ûntwikkeling en technology, toerisme en rekreaasje (wêrûnder surfe, kiteboarding, fytse, berchbeklimme, kuierje en skye). Der binne 4 bierbrouwerijen en in groeiende wynyndustry en in ferskaat oan restaurants[2].

Dizze omkriten waarden bewenne troch yndianen doe't Lewis en Clark hjir op 29 oktober 1805 lâns reizgen. Hja setten in kamp op en neamden it Waucoma, dat Plak fan grutte beammen betsjut. De lokaasje fan it kamp wie flakby wêr't de rivier de Hood, doe Dog River neamd, útmûnet yn de Kolumbia. Mary Coe, de frou fan Nathaniel Coe dy't ien fan de earste blanke bewenners wie, feroare de namme fan Dog River ta Hood River. De namme Hood River ferskynde foar it earst op de kaarten yn 1856. Doe noch in part fan Wasco County, skiede Hood River County himsels op 23 juny 1908 ôf fan dizze county. De grinzen binne sûnt dy tiid nea feroare.

Nathaniel en Mary Coe wiene de earste bewenners fan in gebiet fan 128 bunder, dy't hja fan de oerheid yn 1854 krigen. Dit gebiet is no it sintrum fan Hood River. Net folle letter kammen William Jenkins mei syn famylje en de famylje Benson. Nathaniel Coe wie ien fan de earsten dy't fruitbeammen planten yn de delling fan Hood River. Apelhôven woeksen as koal hjir tusken 1890 en 1920 en Hood River rekke ferneamd om syn apels. Yn 1919 binne in soad apelbeammen deafêrzen en doe begûn jin de apels te ferfangen troch parren. Hood River is hjoed de dei ien fan de grutste produsinten fan Anjou parren[3].

Hjoed de dei

bewurkje seksje
 
Wynsurfers op de Kolumbia
 
Hood River tolbrêge

Neffens de folkstelling fan 2010 wennen der 7167 minsken, 2972 hûshâldings en 1728 famyljes wêrûnder 62,9% blanken, 24,4% latino's, 0,5% swarten, 0,6% yndianen, 1,5% Aziaten en 0,1% Pasifyske eilanners. De trochsneed âldens wie 36,3 jier. Neffens de folkstelling fan 2000 wie it trochsneed hûshâldynkommen $31.580. 17,3% fan de befolking libbe ûnder de earmoedegrins.

Foar in lange tiid bestie de ekonomy út benammen de lânbou, toerisme en sporttoerisme, mar sûnt de njoggentiger jierren fan de foarige iuw naam de high-tech yndustry ta en waarden bedriuwen ornearre foar loftfeartûntwikkeling, lykas Insitu en Hood Technologies, ien fan de grutste wurkjouwers yn de stêd. Hood River wie foar in lange tiid ien fan de lânbousintra fan it Noardwesten fan de Feriene Steaten, mar de houtyndustry en it beamkappen wiene earst ek tige wichtich. Hout wie de grutste boarne fan útfier, mar dat naam ôf nei't de rop om boskbeskerming tanaam en de Kleau fan de Kolumbia in beskerme gebiet waard. Apel- en parrehôven en ek wynhôven begûnen harren te ûntjaan ta in wichtige sektor yn it gebiet.

Oare wichtige bedriuwen yn de stêd binne bierbrouwerijen lykas Hood River Distillers, Full Sail Brewing Company, sportklean en -skoechfabryk DaKine, fegetarysk fiedselferwurker Turtle Island Foods en noch in stikmannich wynmakkerijen.

Hood River is ek populêr om it wynsurfen en kitesurfen yn de Kolumbia, mar ek kayakken, berchbeklimmen, kuierjen, mountain biking en skyen binne populêr yn Hood River County. De stêd is troch ûnder oare CNN en National Geographic útroppen ta ien fan de bêste plakken oan in rivier en om te skyen.

De Interstate 84 en Oregon Route 35 rinne troch it plak hinne.

Hood River leit yn in oergongsgbiet fan it reinwâld klimaat bewesten it Cascadesberchtme, dat as in reinskaad wurket, en it drûge steppeklimaat beëasten de Cascades. De winters binne oer it algemien wiet en simmers waarm. De reindelfal is in trochsneed 760 mm, wilens it yn it 32 km bewesten lizzende Cascade Locks 1900 mm del falt en yn it 32 km beëasten lizzende The Dalles 380 mm del falt. De wyn, dy't troch de kleau fan de Kolumbia sûcht, kin sa no en dan wol hurd wêze. Trochsneed temperaturen yn de simmers binne sa rûn 23 oant 28 graden en yn de winters sa om-ende-by -1 oant 0 graden.

Nijsgjirrich

bewurkje seksje
 
Fytsers yn Hood River
 
Columbia Gorge Hotel, registrearre op it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken

Inkelde nijsgjirrichheden binne:

  • Hood River Valley Blossom Festival, dat plakfynt yn april
  • Hood River Hops Fest, dat plakfynt yn oktober
  • Hood River Valley Harvest Fest, dat ek yn oktober plakfynt
  • History Museum of Hood River County
  • International Museum of Carousel Art
  • Western Antique Aeroplane & Automobile Museum
  • Columbia Gorge Hotel, dy't registrearre stiet yn it Nasjonaal Register fan Histoaryske Plakken en yn 1920 boud is troch de út Portland kommende houtmagnaat Simon Benson.

It âldste hûs yn de stêd is it Ezra L. Smithhûs, dy't troch him boud is yn 1886 foar syn hûshâlding. Hy wie in politikus yn it stedsbestjoer en it bestjoer fan Oregon mei benammen de ûntwikkeling fan de lânbou yn de steat. In soad boeren en sakemannen kaam by him op besite en sykje advys. Ek inkelde toeristyske rûtes, lykas Mount Hood Scenic Byway en in stik fan de Historic Columbia River Highway begjinne yn de stêd.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
Keppeling om utens