Mount Hood, troch de Multnoma-yndianen Wy'east neamd, is in stratofulkaan yn de Amerikaanske steat Oregon, sa'n 70 km eastlik fan de stêd Portland. De berch stiet op de grins fan Hood River County en Clackamas County. Mei syn hichte fan 3429 meter is it de heechste berch fan Oregon. Mount Hood wurdt beskôge as in fulkaan, dy't aktyf wêze kin, mar de lêste útbarsting wie yn 1782. Op de hellings fan Mount Hood binne likernôch tolve gletsjers. Dizze gletsjers rikke oant sa'n 2100 meter.
De âldens fan it stiente wurdt rûsd op 500.000 jier. De berch waard foar it earst beklommen troch Sam Barlow
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|