White Salmon (Washington)

White Salmon is in plak (city) yn it súdwesten fan Klickitat County yn de steat Washington, Feriene Steaten. It leit yn de kleau fan de rivier de Kolumbia oan dizze rivier. It plak leit rjocht tsjinoer Hood River yn Oregon. It plak hie neffens de folkstelling fan 2010 2224 ynwenners en yn 2013 neffens in rûzing hie't 2305 ynwenners. It plak hat de bynamme: The Land Where The Sun Meets The Rain (It lân wêr de sinne de rein temjitte komt).

White Salmon
White Salmon yn Klickitat County
White Salmon yn Klickitat County
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Washington
County Klickitat County
Boargemaster David Poucher (2011)
Sifers
Ynwennertal 2305 (2013)
Oerflak 3,2 km² (ynkl. wetter)
3,2 km² (allinne lân)
Befolkingsticht. 703,9/km²
Hichte 190 m
Oar
Stifting 1852
Postkoade 98672
Tiidsône Pacific (PST)UTC-8
Simmertiid UTC-7
Koördinaten 45°43´44´´N 121°29´1´´W
Offisjele webside
Offisjel webside fan White Salmon
Riedhûs fan White Salmon

White Salmon waard foar it earst yn 1852 troch blanke bewenners bewenne. Erastus Joslyn en syn frou kocht guon lân fan de Klikkitat yndianen, dy't earst yn dizze goa wennen. De hear en frou Joslyn stienen yn goede stân mei de yndianen. Op 31 oktober 1858 de omkriten waarden offisjeel iepensteld foar blanke bewenning, doe't de Klikkitat en Jakama stammen harren thúslân ferlearen nei de Jakama Kriich. De omkriten waarden al fluch en swier bewenne troch de blanken, dy't mear en mear lân opeasken. De Klikkitat waarden twongen om harren del te setten yn it Jakama yndianereservaat. White Salmon waard offisjeel in stêd op 3 juny 1907.

White Salmon leit oan de rivier de Kolumbia en oan State Route 14. It plak leit oan de foet fan de Cascades. It plak hat in middelânske see-eftich klimaat. De trochsneed temperatuer yn 'e simmer is sa'n 28°C en yn de winter sa om ende by it friespunt. It trochsneed jierliks wetter delfal is 798 mm. It klimaat is dus krekt neffens wat de bynamme fan it plak seit. It leit op de grins fan it wietere klimaat fan de Cascades en it drûge klimaat beëasten it berchtme.

Keppeling om utens

bewurkje seksje