1907
jier
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Jierren: | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 |
Kalinders | |
Gregoriaanske kalinder |
1907 MCMVII |
Ab urbe condita | 2660 |
Armeenske kalinder | 1356 ԹՎ ՌՅԾԶ |
Etiopyske kalinder | 1899 – 1900 |
Hebriuwske kalinder | 5667 – 5668 |
Hindoekalinders | |
- Vikram Samvat | 1962 – 1963 |
- Shaka Samvat | 1829 – 1830 |
- Kali Yuga | 5008 – 5009 |
Iraanske kalinder | 1285 – 1286 |
Islamityske kalinder | 1325 – 1325 |
Juliaanske kalinder |
Gregoriaansk min 13 dgn. |
Sineeske kalinder | 4603 – 4604 癸午 – 甲未 |
1907 is in gewoan jier dat begjint mei in tiisdei. (Gregoriaanske kalinder foar 1907.)
Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1900-er jierren.
Foarfallen
bewurkje seksje- 6 jannewaris - Maria Montessori iepenet yn Rome har earste skoalle.
- 14 jannewaris - By in ierdbeving yn Kingston komme op Jamaika likernôch 1.000 minsken om.
- 31 jannewaris - Yn Belgje wurdt in út ferskate politike partijen gearstalde parlemintêre kommisje oprjochte dy't ûnder lieding fan parlemintsfoarsitter Frans Schollaert ûndersyk dwaan moat nei de sitewaasje yn 'e Kongofrijsteat, de Afrikaanske priveekoloanje fan kening Leopold II fan Belgje.
- 26 febrewaris - De Koninklijke Nederlandsche Petroleum Maatschappij en de Shell Transport and Trading Company út it Feriene Keninkryk beslute ta in fúzje. It nije bedriuw sil Koninklijke Shell komme te hjitten.
- 5 maart - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch komt de twadde Dûma gear.
- 21 maart - Grut-Brittanje wiist Frânske foarstellen foar in tunnel ûnder it Kanaal ôf, omreden fan it gefaar fan in ynvaazje.
- 31 maart - Yn Roemeenje wurdt de boere-opstân dy't yn febrewaris begûn, ûnderdrukt troch ynset fan it leger. Dêrby komt it ta slimme oarlochsmisdieden tsjin 'e boerebefolking.
- 26 april - Yn it Keninkryk Hongarije forsearret it troch etnyske Hongaren dominearre parlemint de magyarisearring fan it ûnderwiisbestel tsjin 'e útdruklike wil fan 'e nasjonale minderheden yn.
- 1 juny - De Russyske premier Pjotr Stolypin beskuldiget de 65 sosjalistyske ôffurdigen yn 'e twadde Dûma fan "in komplot tsjin 'e tsaar".
- 3 juny - Tsaar Nikolaas II ûntbynt al nei rom in fearnsjier de twadde Dûma
- 9 juny - Yn Gûatemala wurdt presidint Manuel Estrada Cabrera by in oanslach fermoarde.
- 29 july - Op it eilân Brownsea, yn it Ingelske Dorset, hâldt Robert Baden-Powell, de oprjochter fan 'e ynternasjonale paadfinerij, it earste paadfinerskamp.
- 18 july - Frânske troepen besette de grutte stêd Kasablanka, yn it ûnôfhinklike Sultanaat Marokko, nei't dêr 8 Jeropeänen omkommen binne by in ferheftige opskuor.
- 31 augustus - It Feriene Keninkryk en it Keizerryk Ruslân slute in militêr bûnsgenoatskip, de Britsk-Russyske Konvinsje, ek bekend as it Ferdrach fan Sint-Petersburch.
- 8 septimber - Yn syn ensyklyk Pascendi Domini Gregis feroardielet paus Pius X it 'modernisme' (d.w.s. de modernisearring) as "de gearfetting fan alle ketterijen".
- 26 septimber - As útfloeisel fan 'e Rykskonferinsje fan 1907, fan it Britske Ryk, wurde de Koloanje Nij-Seelân en de Nijfûnlânkoloanje by keninklike proklamaasje as it Dominion Nij-Seelân en it Dominion Nijfûnlân útroppen ta saneamde dominions mei in autonome status. De beide gebieten binne no ûnôfhinklik, hoewol't se definsje en bûtenlânske polityk noch ôfstimme mei it Feriene Keninkryk.
- 25 oktober - Yn Nederlân wurdt de net-kapitalistyske koloanje Walden, yn It Goai, in inisjatyf fan skriuwer Frederik van Eeden, nei njoggen jier opheft fanwegen finansjele swierrichheden.
- 2 novimber - Yn 'e Noarske haadstêd Kristiania ûndertekenje it Feriene Keninkryk, Frankryk, Ruslân en Dútslân in ferdrach wêryn't se de territoriale yntegriteit fan Noarwegen garandearje.
- 14 novimber - Yn 'e Russyske haadstêd Sint-Petersburch komt de trêde Dûma foar it earst gear, dy't keazen is mei beheind kiesrjocht. Mei't de measte leden fan 'e earste en de twadde Dûma yn it tichthûs sitte of yn ballingskip jage binne, ferwachtet it regear fan tsaar Nikolaas II diskear oansjenlik minder swierrichheden by it oplizzen fan syn wil oan 'e parlemintariërs.
- 16 novimber - Oklahoma wurdt as de 46e Amerikaanske steat opnommen yn 'e Feriene Steaten.
- 28 novimber - Kening Leopold II fan Belgje ûndertekenet de Akte fan Ofstân, dêr't er ôfstân mei docht fan syn Afrikaanske priveekoloanje de Kongofrijsteat. Dat gebiet komt no ûnder bestjoer fan 'e Belgyske oerheid en sil omfoarme wurde ta de Belgyske Kongo.
- 16 desimber - De Amerikaanske presidint Theodore Roosevelt wiuwt yn 'e haven fan New York de float fan 16 slachskippen en in grut tal lytsere marineskippen út dy't er yn in útwrydsk machtsfertoan in reis fan 26 moannen om 'e wrâld meitsje lit.
- 20 desimber - De Feriene Steaten, El Salvador, Gûatemala, Hondoeras, Nikaragûa en Kosta Rika slute it Ferdrach fan Washington, dat liede moat ta gruttere gearwurking fan 'e Middenamerikaanske lannen mei de Feriene Steaten.
- 26 septimber - De Britske koloanjes Nij-Seelân en Nijfûnlân krije selsbestjoer binnen it Britske Ryk.
- sûnder datum - Publikaasje fan de keunsttaal Ido.
Berne
bewurkje seksje- jannewaris
- 3 - Sjouke Westra, Nederlânsk reedrider en winner fan 'e Alvestêdetocht 1940 († 1993)
- 18 - Lina Haag, Dútsk fersetsstriidster († 2012)
- 21 - Frits Wissel, Frysk ûntdekkingsreizger († 1999)
- 22 - Mary Dresselhuys, Nederlânsk aktrise († 2004)
- febrewaris
- 3 - James A. Michener, Amerikaansk skriuwer († 1997)
- 17 - Doede Nieuwenhuis, Frysk ûnderwiisman († 1986)
- 17 - Charles B. Timmer, Nederlânsk skriuwer en dichter († 1991)
- 26 - Wytse Hoekstra, Frysk politikus († 1982)
- maart
- 3 - Aar van de Werfhorst, Nederlânsk skriuwer en sjoernalist. († 1994)
- 15 - Zarah Leander, Sweedsk aktrise († 1981)
- 28 - Mathilde Stuiveling-Van Vierssen Trip, Nederlânske jonkfrou en skriuwster († 2010)
- april
- 5 - Jan Zeldenrust, Nederlânsk patolooch-anatoom († 1990)
- 8 - Johannes Hendrikus Zelle, Frysk predikant († 1983)
- 16 - Janna van der Meulen, Frysk reedrider († 1981)
- 26 - Theun de Vries, Frysk skriuwer († 2005)
- 30 - Jan de Rapper, Frysk fuotballer († 1988)
- maaie
- 12 - Katharine Hepburn, Amerikaansk aktrise († 2003)
- 13 - Daphne du Maurier, Britsk skriuwster († 1989)
- 17 - Jacob Kalma, Frysk predikant en skiedkundige († 1991)
- 18 - Nyckle Haisma, Frysk skriuwer († 1943)
- 26 - John Wayne, Amerikaansk akteur († 1979)
- 27 - Felix de Nobel, Nederlânsk pianist en dirigint († 1981)
- juny
- 23 - Ulbe Zwaga, Frysk Skûtsjeskipper († 1992)
- july
- 2 - Eppo Doeve, Nederlânsk keunstskilder en boekbânûntwerper († 1981)
- 7 - Robert A. Heinlein, Amerikaansk skriuwer († 1988)
- septimber
- oktober
- 2 - Jan Hulsker, Nederlânsk keunsthistoarikus († 2002)
- 4 - Auke Adema, Frysk maratonrider en alvestêdetochtwinner († 1976)
- novimber
- 9 - Uldrik Bottema, Frysk taalaktivist († 1986)
- 14 - Astrid Lindgren, Sweedsk Skriuwster († 2002)
- desimber
- 4 - Jo boer, Nederlânsk skriuwster († 1993)
- 15 - Boonsong Lekagul, Taisk biolooch († 1992)
- 21 - Garmt Stuiveling, Nederlânsk skriuwer († 1985)
- 23 - Dirk Matzer van Bloois, Nederlânsk politikus († 1991)
- 25 - Cab Calloway, Amerikaansk muzikant († 1995)
- datum ûnbekend
- Haring Tjittes Piebenga, Frysk antropolooch en oersetter († 1981)
Ferstoarn
bewurkje seksje- 15 july - Qiu Jin, Sineesk dichteresse en revolúsjonêr (* 1875)
- 17 july - Hector Malot, Frânsk skriuwer (* 1830)
- 26 augustus - Pieter Lodewijk Tak, Nederlânsk politikus (* 1848)
- 4 septimber - Edvard Grieg, Noarsk komponist (* 1843).
- 8 desimber - kening Oskar II fan Sweden (* 1829)
- 12 desimber - Durk Piers Noordmans, Frysk boer en leketeolooch (* 1828)
- datum ûnbekend
- Read Hynder (Red Horse), opperhaad fan 'e Lakota (* 1822)
- Mattheus Teffer, Frysk sindeling en stifter fan it Ljouwerter Diakonessehûs (* 1827)
Literatuer
bewurkje seksje- romans
Jierren: | 1902 | 1903 | 1904 | 1905 | 1906 | 1907 | 1908 | 1909 | 1910 | 1911 | 1912 |
Iuwen: | 15e | 16e | 17e | 18e | 19e | 20e iuw | 21e | 22e | 23e | 24e | 25e |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|