Mathilde Stuiveling-Van Vierssen Trip
Mathilde (Thilde) Stuiveling-Van Vierssen Trip (Rotterdam, 28 maart 1907 – Laren, 24 april 2010) wie in Nederlânske jonkfrou, skriuwster en oare helte fan skriuwer Garmt Stuiveling. Fia har man wie hje ek nau belutsen by de oprjochting fan it Humanistysk Ferbûn.
Mathilde Stuiveling-Van Vierssen Trip | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Merijntje Trip, Merijn Trip | |
echte namme | Mathilde Stuiveling-Van Vierssen Trip | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 28 maart 1907 | |
berteplak | Rotterdam | |
stoarn | 24 april 2010 | |
stjerplak | Laren | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | koarte-ferhalen |
Thilde van Vierssen Trip har heit wie ficepresidint fan de rjochtbank yn Rotterdam, mar Van Vierssen Trip joech net folle om it aadlik fermidden dêr't hja yn opbrocht waard. Yn 1935 troude se yn Hilfertsom mei Garmt Stuiveling, soan fan in Frysk-Grinslânske skoalmaster, dy't hja moete hie yn harren studintetiid yn Grins. Sy krigen in soan en trije dochters, ien dêrfan wie Saskia Stuiveling.
Literêr besjoen wie hja fral ferneamd as de frou fan Garmt Stuiveling, mar sy skreau sels ek, faak ûnder de skûlnamme Merijn of Merijntje Trip. Under oaren ûnder dy namme publisearre hja yn tydskriften sa as De Vlaamse Gids, Mens en Wereld en Rekenschap. It lêste blêd is in útjefte fan it Humanistysk Ferbûn yn Nedelân.
Mathilde Stuiveling-Van Vierssen Trip stoar yn de âldens fan 103 jier yn it Rosa Spier Hûs yn Laren.
Wurk
bewurkje seksje- Verhalen (yn de rige Bongerd-boekjes) (1939)
- Geen trein terug (1967)
- Groen Geheimschrift: Tien verhalen (1972)
- De oudejaarswens (1972)
- De school van Leopold (1975/1986)
- Het dubbele jawoord (1990)
- In de ban van Herman Gorter. Herinneringen aan Jenne Clinge Doorenbos en Ada Prins
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |