Saskia Stuiveling
Saskia Jenne Stuiveling (Hilversum, 3 maaie 1945 - Rotterdam, 20 april 2017) wie in Nederlânske âld-politika fan de PvdA. Nei har politike karriêre waard hja 1984 lid fan de Algemiene Rekkenkeamer, sûnt 1999 is hja dêrfan de presidinte.
Stuiveling wie de dochter fan de Fryske letterkundige en heechlearaar Nederlânske letterkunde Garmt Stuiveling (1907-1985), dy't in warber PvdA-bestjoerder yn ferskate wichtige funksjes wie, en fan skriuwster Mathilde van Vierssen Trip (1907-2010). Sy studearre rjochten en bedriuwskunde oan de Erasmus Universiteit Rotterdam. Sy wie mei-oparbeidster fan boargemaster Van der Louw fan Rotterdam en waard letter steatssekretaris fan Binnenlânske Saken yn it kabinet-Van Agt II. Dêrnei ferfolde hja in rol fan belang by de parlemintêre enkête nei it RSV-konsern. By mear as ien kabinetsformaasjes ward hja as ministerskandidaat neamd.
Op 29 oktober 1984 waard Stuiveling lid fan de Algemiene Rekkenkeamer wat se oant har pinsjoen op 31 maaie 2015 bliuwe soe. Se wie de earste frouljus presidint fan de Algemiene Rekkenkamer. Sûnt 1 maaie 1999 wie se presidint fan dat Hege Kolleezje fan Steat.
Saskia Stuiveling is krekt foar har 72e jierdei hommels ferstoarn.
Underskiedingen
bewurkje seksjeYn 1991 waard se Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en krige se in ridderoarder yn Sily, de Oarder fan Bernardo O'Higgins. Yn 2001 krige sy de Oarder fan Leopold II, yn 2009 waard se Kommandeur yn de Oarder fan Oranje-Nassau en yn 2013 ûntfong se de Hongaarske Hagelmayerpriis.
Ferneamings
bewurkje seksjeNei Saskia Stuiveling is de Saskia J. Stuivelingpriis ferneamd, dy't sûnt 2017 útrikt wurdt.
-
Stuiveling yn kabinet Van Agt II (1981)
-
Stuiveling, RSV-enkête (1983)