Bedriuwskunde
Bedriuwskunde is it fakgebiet dat him rjochtet op de organisaasje en merkomjouwing fan bedriuwen. It jonge fakgebiet makke gebrûk fan ynsichten út oare dissiplines lykas bedriuwsekonomy, ekonomy, psychology en sosjology. Boppedat is it sterk op de praktyk rjochte; in soad ynsichten wurde ûntliend oan de praktyk en brûkt om de strategy en organisaasje fan bedriuwen en oare organisaasjes oan te passen.
Bedriuwskunde hâldt him benammen dwaande mei ynkeap, ferkeap en marketing, kwaliteitssoarch, ûndernimingsfinansiering, management fan bedriuwsprosessen, personielssaken en bedriuwsstrategy. Ek juridyske, psychologyske en technyske prosessen yn bedriuwen komme oan bod.