Rosa Spier Hûs
It Rosa Spier Hûs is in wen- en wurksintrum foar keunstners en wittenskippers op jierren. It sintrum is fan ein 2019 ôf fêstige oan de Hector Treublaan in Laren yn Noard-Hollân.
Skiednis
bewurkje seksjeIt idee foar in 'feilige haven foar âldere keunstners' kaam fan harpiste Rosa Spier. Doel fan it hûs is it mooglik te meitsjen foar âldere keunstners om harren enerzjy yn harren wurk te stekken bliuwe te kinnen en har persoanlike fersoarging oan oaren oer te litten. Yn 1963 rjochte Henriette Polak de Rosa Spier Stichting op, dy't de bou fan it hûs úteinlik mooglik makke.
Oan de Esseboom yn Laren waard in gebou realisearre dat op 11 oktober 1969 iepene waard troch Marga Klompé, de doetiidske minister fan Kultuer, Rekreaasje en Maatskiplik Wurk. Dit appartemintekompleks bea plak oan yn totaal 73 bewenners. Dêrneist wiene der mienskiplike foarsjennings as in biblioteek en in teätersealtsje. It kompleks wie in paviljoeneftich ûntwerp fan buro Goldschmidt & Verbruggen; de tún waard ûntwurpen troch Mien Ruys.
Nijbou
bewurkje seksjeYn 2008 waard bekend dat de gemeente Laren en it stichtingsbestjoer oerwoegen it Rosa Spierhûs ôf te brekken en te ferfangen troch 68 apparteminten (wat der úteinlik mear wurde soene). It Bûn Heemschut wiisde yn in brief op de grutte kultuerhistoaryske wearde fan hûs en tún. [1] Saakkundigen en belanghawwenden besochten stichting en gemeente fergees ta oare gedachten te bringen. Yn maaie 2014 die nei in útspraak fan de Ried fan Steat bliken dat de foarnommen sloop definityf wie. De motivearring wie ûnder oare dat hûs en tún net op in monumintelist stiene. [2] Yn 2018 waard úteinset mei de bou fan in nij pân oan de Hector Treublaan. [3] De nijbou is yn de winter fan 2019/2020 yn gebrûk naam. Njonken de 70 bewenners fan it âlde hûs fûnen 67 nije minsken dêr in plak.[4]
Gebou
bewurkje seksjeIt Rosa Spier Hûs hat:
- de Anna-Stibbe konsert- en teaterseal,
- in algemien atelier,
- in muzykkeamer,
- im bibleteek,
- ferskate lêstafels,
- Galerykafee/restaurant,
- in eksposysjeromte,
- terras en byldetún en
- privee-ateliers en studio’s
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|