Wilhelmina Jacoba (Mien) Moussault-Ruys (Dedemsfeart, 12 april 1904 - Dimter, 9 jannewaris 1999) wie in, ek yn it bûtenlân, ferneamd Nederlânske túnarsjitekte.

Mien Ruys
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wilhelmina Jacoba Moussault-Ruys
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 12 april 1904
berteplak Dedemsfeart
stoarn 9 jannewaris 1999
stjerplak Dimter
wurkpaad
berop/amt túnarsjitekt
bekendste
  wurk(en)
de Tunen fan Mien Ruys

Bielzen Mien waard har bynamme yn Nederlân, omdat hja de foaropfrou fan it gebrûk fan spoarbylsen yn tunen wie, eat wat fral yn de jierren '70 tige populêr wie. Sy brûkte graach rjochte foarmen: rjochthoeken, fjouwerkanten en dúdlike linen. Se wie yn Nederlân ien fan de earsten dy't earnstich omtinken hie foar lytse stedstunen. De Stichting Tuinen Mien Ruys ûnderhâldt yn Dedemsfeart noch in tal tunen yn de styl fan Mien Ruys: de Tunen fan Mien Ruys.

Yn 1942 naam sy ûntslach út it Bûn fan Nederlânske Túnarsjitekten út protest tsjin harren kollaboraasje mei de Dútske besetter. Omdat se gjin lid wie fan de Kultuerkeamer waard se wurkleas, mar wurke se wol oan it konsept foar it Nasjonaal Park De Hege Feluwe.[1]

Yn 1954 rjochte sy mei har man - útjouwer Theo Moussault - it blêd Onze Eigen Tuin op. 1958-1959 ûntwurp sy foar- en tegearre mei Gerrit Rietveld de tunen om it troch Rietveld betochte fabryksgebou fan weverij De Ploeg hinne, yn Bergeijk, dy't oant de dei fan hjoed as 'doarpstún' bestiet.

Tsien ûntwerpen fan Mien Ruys binne erkende ryksmonuminten.

Publikaasjes

bewurkje seksje
 
Giele tún fan Mien Ruys út 1982
  • Onze Eigen Tuin (túntydskrift), 1954.
  • Borders: hoe men ze maakt en onderhoudt, 1939.
  • Vijvers in de tuin, 1941.
  • Rotsplanten in de tuin, 1948.
  • Het vaste planten boek, útjouwerij Moussault 1950.
  • Die Stauden, 1951.
  • Bouwen en Wonen, 1953.
  • Vara Vackra Perenner, 1954.
  • Rozen voor iedereen, 1956.
  • Het gebruik en de verzorging van vaste planten, 1959.
  • Leven met groen in landschap, stad en tuin, 1960.
  • Rotsplanten in de tuin (Weten en kunnen), 1963.
  • Zo beplanten we onze tuin, 1965.
  • Toepassing en verzorging van vaste planten, 1972.
  • Het Nieuwe Vaste Planten Boek, 1973.
  • Spelen met planten, 1977.
  • Spelen met planten, 1980.
  • Van vensterbank tot landschap, 1981.
  • Mijn tuinen, 1987.
  • Zo verzorgen wij onze tuin, 1987.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: