Erfgoedferiening Heemschut

(Trochferwiisd fan Bûn Heemschut)

De Erfgoedferiening Heemschut, oant 2010 it Bûn Heemschut neamd, is in Nederlânske feriening foar it behâld fan kultuermonuminten. De feriening is yn 1911 oprjochte en hâldt kantoar yn Amsterdam.

Logo

Heemschut is de grutste en ien fan de âldste partikuliere ferienings foar de beskerming fan kultuermonuminten. De feriening oppenearret him by fertutearzing as driigjende sloop fan monuminten en wannear't in histoarysk stedsgesicht oantaast driigd te wurden troch nijbou. Heemschut is teffens ien fan de mei-oprjochters fan de Federatie Instandhouding Monumenten (FIM).

Heemschut jout sûnt 1924 in ferieningsblêd út meidelde namme. Tusken 1940 en 1954 fierde it Bûn Heemschut de redaksje oer de Heemschutrige, in rige fan 74 dielen oer stêden, doarpen en ferskate aspekten fan de Nederlânske folkskeunst, dy't by útjouwerij Allert de Lange yn Amsterdam útjûn waard.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: