Wytse Hoekstra (Baarderadiel, 26 febrewaris 1907It Hearrenfean, 21 maart 1982) wie in Nederlânsk politikus fan de VVD.

Wytse Hoekstra
politikus
echte namme Wytse Hoekstra
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 26 febrewaris 1907
berteplak Baarderadiel
stjerdatum 21 maart 1982
stjerplak It Hearrenfean
etnisiteit Frysk
partij VVD
boargemaster fan Baarderadiel
amtsperioade 1937-1950
foargonger Willem Hora Siccama
opfolger Luitzen Boelens
boargemaster fan Haskerlân
amtsperioade 1950-1972
foargonger Pieter Willem ter Haar
opfolger Philip Houben

Hy waard berne as soan fan dokter Steven Frederik Hoekstra (1872-1956) en Wijke van Loon (1883-1965). Hy studearre ôf yn de rjochten en wie sûnt 1937 boargemaster fan syn bertegemeente. Yn 1942 waard hy ûntslein wêrnei't er troch in NSB'er opfolge waard. Hoekstra wie as gizelder ynternearre yn Kamp Sint-Michielsgestel.

Nei de befrijing fan Nederlân yn 1945 kaam hy werom as boargemaster fan Baarderadiel en yn 1950 folge syn beneaming ta boargemaster fan Haskerlân. Hy wie dêrneist ûnder oare fisefoarsitter fan de AVRO en wie dêrfan om 1962 foarsitter. Yn maart 1972 gie Hoekstra as boargemaster mei pinsjoen en yn 1982 ferstoar er yn de âldens fan 75 jier.