Dirk Matzer van Bloois

Dirk Matzer van Bloois (Zoelen, 23 desimber 1907Arnhim, 19 jannewaris 1991) wie in Nederlânsk politikus út namme fan de CHU.

Boargemaster D. Matzer van Bloois by de útrikking fan de fersiersels fan Officer in the Order of the British Empire (1965)

Libben en wurk

bewurkje seksje

Hy waard berne as Dirk Matzer, soan fan ds. Herman Matzer, hear fan Bloois (1871-1935) en dy syn earste frou Suzanna Cornelia Isebree Moens (1878-1924), telch út it yn it Nederlânsk Patrysjaat opnommen laach Moens. Hy studearre ôf yn de rjochten en waard yn 1935 wethâlder yn Wijhe. Letter wie er abbekaat en prokureur yn Haarlim.

Yn maaie 1942 waard Matzer van Bloois boargemaster fan Achtkarspelen as opfolger fan Pier Eringa (1879-1962) dy't troch de Dútske besetter út syn amt set wie. Guon minsken yn Bûtenpost tochten dat er dan wol oan de kant fan de Dútsers stean soe, mar dat wie net sa. Sa hat er bygelyks joadske ûnderdûkers warskôgje litten foar in ankommende razzia[1]. Nei de befrijing kaam de wilens pensjonearre Eringa in pear moannen werom as (waarnimmend) boargemaster, mar Matzer van Bloois mocht dêrnei oanbliuwe.

Yn 1949 folge syn beneaming ta boargemaster fan de Gelderske gemeente Renkum. Yn jannewaris 1973 gie er dêr mei pinsjoen.

Mr. D. Matzer van Bloois wie troud mei Alida Mina van Vliet (1912-1993) mei wa't er ferskate bern krige. Yn 1965 waard er beneamd ta ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau[2]. Begjin 1991 stoar er yn de âldens fan 83 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Besprek fan it boek Flitsen uit het dagelijks leven in Buitenpost tijdens de Tweede Wereldoorlog fan Jasper Keizer. Frysk Deiblêd, 7 maart 2020, s. 25
  2. Trouw, 30 april 1965, Officier Oranje-Nassau