Walden (koloanje)
Walden wie de namme fan in koloanje, ofwol kommune, dy't de psychiater en skriuwer Frederik van Eeden (1860–1932) yn 1898 op it lângoed Cruysbergen yn Bussum oprjochte.
De sosjalistyske (túnbou) koloanje wie ûnder mear basearre op mienskiplik grûnbesit. De koloanje wie ek rêstoarde foar psychiatryske pasjinten. De opset mislearre troch saaklik wanbehear en fertsjustering troch ynwenners. Neidat it noch feroare yn in ferbrûkskoöperaasje west hie, gie Walden yn 1907 dochs fallyt. It idee foar Walden krige Van Eeden fan it populêre boek Walden or Life in the Woods (1854) fan Henry David Thoreau (1817-1862).
Trivia
bewurkje seksje- De Nederlânske heldersjende Gerard Croiset waard berne op Walden.
- De ûntwerpen fan Willem Bauer foar hutten op Walden wiene meastentiids ynspirearre op de hutte fan Thoreau. De hutten wiene heal yngroeven yn de grûn en mei in strietek. Letter waarden se ferbettere om lekkaazje foar te kommen mei dakpannen. [ 5 ] Twa dêrfan besteane noch, wêrûnder de Skriuwershutte fan Frederik van Eeden en de hutte ûntwurpen foar Carry van Hoogstraten.
- De bakkerij fan de koloanje wie wol in sukses en is letter as selsstannich bakkersbedriuw trochgien mei it bakken en de ferkeap fan bôlen.
Hutten
bewurkje seksje-
Skets hutte, koloanje Walden troch W.C. Bauer, om 1898
-
Hutte boud foar Carry van Hoogstraten
-
Waldenlaan, Bussum
-
De hutte fan Van Eeden
Literatuer
bewurkje seksje- Walden te Bussum, Tussen Vecht en Eem Tydskrift foar regionale skiednis, 16e jiergong nr. 3, novimber 1998.
- Walden in Droom en daad, Walden-dagboeken notulen van Frederik van Eeden e.a. 1898-1903, (red. J.S. De Ley en B. Luger). Utjouwer Huis aan de Drie Grachten, Amsterdam 1980.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |