Doede Nieuwenhuis

Doede Nieuwenhuis (Muntsjesyl, 17 febrewaris 1907 - Hurderwyk, 20 novimber 1986) wie ûnderwiisman en mei-oprjochter fan it Ynstitút Fryslân.

Doede Nieuwenhuis
persoanlike bysûnderheden
echte namme Doede Nieuwenhuis
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 17 febrewaris 1907
berteplak Muntsjesyl
stoarn 20 novimber 1986
stjerplak Hurderwyk
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt ûnderwizer,
amtner
reden
  bekendheid
Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse

Nieuwenhuis folge de oplieding ta ûnderwizer oan de Ryksk-kweekskoalle oan it Grut Skavernek yn Ljouwert en stie dernei oan de iepenbiere legere skoalle yn Alde Leie en letter jierrenlang oan 'Skoalle 6' oan 'e Menno van Coehoornstrjitte yn Ljouwert. Foar en yn 'e besettingstiid wied er algemien skriuwer fan it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse (Selskip 1844). Dêrneist joech er folk- en gealeargongen, dêr't er ek in taaleigen-learboek foar skreau: 'Us Fryske Tael' (1942). Yn 'e mande mei Enne Wyga stifte Doede Nieuwenhuis yn 1943 it Ynstitút Fryslân, dat troch de wei fan troch harren gearstalde skriftlike lessen hûnderten minsken it Frysk skriuwen bybrocht en sûnt 1944 eksamens organisearre foar it Fryslân A-diploma (foar begjinners) en B (foar trochsetters). It Ynstitút is letter oernommen en fuortset troch Tabe Beintema.

Fan hûs út hie Doede Nieuwenhuis ambysje foar it Frysk amateurtoaniel en mei dêrtroch waard er ien fan de foaroanmannen fan it Ljouwerter Toanielselskip en spile er in haadrol (as de minne 'Murk') yn de earste Fryske film 'Kar út twa' (1937). Syn mem, Fetsje Nieuwenhuis-Binnema spilet ek mei yn 'Kar út twa'. Yn 'e mande mei Jan Visser skreau er fuort nei de oarloch it blijspul 'Der moat in ein oan komme'.

Yn 1947 sette Nieuwenhuis in punt efter syn skoalmastersbestean en waard er amtner by de ryksreklassearring, earst yn Ljouwert en letter, yn 1953, yn Utert. Sadwaande sette er him doe nei wenjen yn 't Harde op de Feluwe, dêr't er bleau oant it ferstjerren fan syn frou yn 1984. De leste oardeljier wenne er yn it ferpleechhûs 'Sonnevanck' by Hurderwyk. Hy waard beïerdige op it Huzumer tsjerkhôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: