Ljouwerter Krante

(Trochferwiisd fan Leeuwarder Courant)

De Ljouwerter Krante (Leeuwarder Courant; gauris ôfkoarte ta LC) waard oprjochte yn 1752 en is dêrmei de âldste ûnder deselde namme ferskinende krante fan Nederlân. It is no noch altyd de grutste krante fan Fryslân mei (yn 2012 in oplaach fan goed 72.000. De Ljouwerter Krante wurdt útjûn troch de NDC Mediagroep. Sûnt desimber 2020 is Mediahuis de nije eigner fan NDC Mediagroep. Op it stuit is Sander Warmerdam de haadredakteur.

Ljouwerter Krante
Leeuwarder Courant
algemiene ynformaasje
hist. namme Leeuwarder Saturdagse Courant
nasjonaliteit Nederlânsk
taal Nederlânsk
sjenre krante
frekwinsje 1x deis
bestean 1752 – no
plak haadred. Ljouwert (Fryslân)
útjouwer NDC Mediagroep
oplaach 72.254 (2012)
offisjele webside
www.leeuwardercourant.nl

De ynwenners fan de provinsje Fryslân hawwe de kar út twa regionale deiblêden, oars as yn de measte oare provinsjes fan Nederlân. It oare regionale deiblêd yn Fryslân is it Frysk Deiblêd.

Skiednis bewurkje seksje

De earste Ljouwerter Krante ferskynde op 29 july 1752 as de Leeuwarder Saturdagse Courant. De krante waard útjûn troch de boekdrukker Abraham Ferwerda en de earste redaksje waard foarme troch twa Herfoarme dûmnys. De krante waard drukt yn de lytse drukkerij fan Ferwerde oan de Peperstrjitte yn Ljouwert.[1] Nei de dea fan Ferwerda naam syn skoansoan, Doeke Ritsme Smeding, de krante troch. De Ljouwerter Krante soe oant 1947 yn de famylje bliuwe.

 
Ljouwerter Krante mei bylagen.

Yn 1797 feroare de titel fan it blêd nei de namme dy't de krante hjoed-de-dei ek noch hat.[2] Foar 1757 kaam de krante allinnich op sneons út, letter ek op tongersdeis. Yn de Frânske tiid ferskynde de krante mei de namme Journal du Département de Frise (Deiblêd fan it Departemint fan Fryslân).[3] Sûnt 18 novimber 1813 ferskynt de krante wer mei de namme Ljouwerter Krante. Foar 8 jannewaris 1814 ferskynde de krante as deiblêd, mar dêrnei waard de krante trije kear yn 'e wike útjûn.[4] Dat feroare wer op 1 jannewaris 1879, sûnt dy dei wie de Ljouwerter Krante wer in deiblêd wurden.[2]

Yn it begjin stie der allinnich mar bûtenlânsk nijs yn. Dat hie de lêzers, benammen keaplju, oansprekke moatten. Letter kaam der ek Nederlânsk nijs yn de krante en pas nei 1850 ek nijs út de provinsje. De krante woe in beskaafde, polityk neutrale krante wêze, dat der waard allinnich mar "serieus" nijs pleatst. It blêd wie ek prinsipjeel tsjin ynterviews. Yn de 19e iuw soe de krante noch hiel lang dy wearden behâlde. De krante krige yn de Frânske tiid sels krityk dat de krante net genôch leafde foar it 'heitelan', Nederlân, sjen liet.[5]

De Ljouwerter Krante wie lange tiid it iennichste medium yn Fryslân dêr't yn advertearre wurde koe. Foar 1842 hie de krante kwealik te krijen mei konkurrinsje fan oare regionale kranten. Pas yn dat jier krige de krante swiere konkurrinsje fan de Provinciale Friesche Courant.[6] Yn 1893 kaam der in nije haadredakteur dy't ek soarge foar oare sjênren yn de krante, mar fraachpetearen kamen der lykwols net. Dy waarden pas fan 1930 ôf yn de krante opnommen. Sa ferskynden der stadichoan ek tekenteltsjes, reportaazjes, en ferhalen oer it libben fan minsken yn de Ljouwerter Krante.

 
Advertinsje út de Ljouwerter Krante fan 23 febrewaris 1917.

Mei de besetting fan Nederlân troch Nazi-Dútslân yn de Twadde Wrâldkriich feroare der in soad foar de media yn Nederlân. Oant en mei juny 1941 koe de krante ferskate frijheden behâlde, mar yn septimber 1942 waard de krante fan de besetter twongen om te fusearjen mei in konkurrearjende krante, it Leeuwarder Nieuwsblad. De fusearre krante ferskynde mei de namme Friesche Courant en stie ûnder lieding fan in troch de Dútsers oanstelde NSB-haadredakteur. Dy haadredakteur hie ta doel it Fryske nasjonalisme oplibje te litten. Omdat de Ljouwerter nei de kriich op grûn fan de “ûntnazifisearring” fan de Nederlânske parse net fuort wer útkomme koe, sleat de direkteur fan de krante mei de makkers fan de ûnderdûkerskrante Je Maintaindrai in ferbân om tegearre de Leeuwarder Koerier út te jaan. Je Maintaindrai hope op in ferbod foar de Ljouwerter Krante, sadat Je Maintaindrai de romte krije soe om himsels te ûntjaan. Mar doe't it nijs bekend waard dat de Ljouwerter wer ferskine koe waard Je Maintaindrai yn in stifting (it Je Maintaindrai Fûns) ûnderbrocht en mei-eigner fan de Ljouwerter Krante.[7] De stifting bestiet hjoed-de-dei noch.

Nei dy kriich woeks de krante út ta in provinsjale kwaliteitskrante. Ein 1969 fusearre de Friese Koerier mei de Ljouwerter Krante.

Op 12 juny 2001 ferskynde de Ljouwerter Krante foar it earst yn syn skiednis folslein Frysktalich. Foar de net-Frysktaligen wie der in katern dêr't it nijs nei it Nederlânske ta oersetten wie. De Frysktalige edysje fan de krante stie yn it ramt fan it Europeeske jier fan de Taal.[8]

 
Gurbe: "Loltsje en ik ha de fuotten alris útslein."

Yn it ramt fan it 250-jierrich bestean fan de krante yn 2002 kaam der in jubileumboek út fan 500 siden, mei op de lofterside in advertinsje, faak yn it ramt fan de 250ste jierdei fan de krante, rjochts in seleksje fan artikels út it jier dêr't de side oer gie. It boek mei in gewicht fan 1350 gram en waard fergees ferspraat ûnder de abonnees.[9]

Yn 2007 is de Ljouwerter Krante begûn mei it útrikken fan de Gouden Gurbes. In rige prizen basearre op de Oscar-prizen foar de iepenloftspullen yn de provinsje Fryslân. De prizen wurde alle jierren útrikt yn De Harmony yn Ljouwert.

Op 9 oktober 2010 krige sawol de krante as ek de hiemside fan de Ljouwerter Krante in nij uterlik. Njonken in nije foarmjouwing kamen der ek in soad nije rubriken en kolumnisten. Mei de opkomst fan it ynternet is de krante ek warber wurden op de saneamde sosjale netwurken. Sa hat de krante siden/groepen op Instagram, Twitter, Facebook.[10] De hiemside fan de Ljouwerter Krante heart ta de top 3 fan bêst besochte Fryske websiden.[11]

 
De Gouden Gurbe, útrikt oan iepenloftspullen yn de provinsje Fryslân.

Ynhâld bewurkje seksje

De Ljouwerter Krante is in kwaliteitskrante mei in wiidweidich nijsoanbod. De krante bestiet út fêste ûnderdielen dy't oanfolle wurde mei ûnderdielen dy't per dei ferskille kinne. Ek wurde der op guon dagen katernen publisearre dy't op oare dagen net foarkomme.

De Ljouwerter Krante ferskynt standert yn twa katernen. Ien mei it algemiene en wichtichste nijs út de wrâld en it katern Fryslân, dêr't omtinken yn jûn wurdt oan it nijs út de provinsje. De opbou fan de krante sjocht der oer it algemien sa út:

  • Haadkatern:
    • Haadside
    • Ekonomy
    • Yn it nijs – mei it wichtichste nijs op dat stuit
    • Bûtenlân
    • Binnenlân
    • Poadium – mei opiny en mieningen fan lêzers en kolumnisten
    • Sport
  • Fryslân:
    • Nijs út Fryslân
    • Famyljeberjochten
    • Media & amusemint (op sneons yn Sneon&Snein)
    • Mar... - mei nijsgjirrichheden (op sneons yn Sneon&Snein)

De sport ferskynt net alle dagen yn it haadkatern. Moandeis en sneons ferskynt der in apart katern foar de sport.

 
It gebou fan 'e Ljouwerter Krante yn Ljouwert .

Op tongersdei wurdt it aktern Uit publisearre. Mei dêryn ûnder oaren omtinken foar keunst en kultuer út de provinsje Fryslân. Der stiet ek in aginda yn mei eveneminten op it mêd fan kultuer yn Fryslân. Op freed komt it katern Freed mei de krante mei. Yn dat katern wurdt omtinken jûn oan keunst en kultuer. Op sneons is de krante it grutst. Dan ferskynt der njonken it haadkatern en de Fryslân ek in sportkatern, it katern Werken & leven, Wonen & co, Sneon&Snein.

De krante is oer it generaal Nederlânsktalich, mar der steane ek Fryske artikels yn. Boppedat wurde Fryske sitaten yn it Frysk opskreaun. Dochs komt it Frysk net in soad foar yn de Ljouwerter Krante. Lykas it Frysk Deiblêd is likernôch 5% fan de ynhâld fan de krante yn it Frysk skreaun.[12]

Oplaach bewurkje seksje

Jier Oplaach
1914 10.400
1955 20.000
1757 40.596
1995 111.440
1997 110.500
1998 111.450
1999 112.151
2000 112.825
2001 112.781
2002 113.000
2003 107.140
2007 105.653
2008 102.828
2009 99.115
2010 96.306
2012 72.254

De betelle-oplaach fan de Ljouwerter Krante lei yn 2010 sa by de 96.000.[13] In delgong fan likernôch 3.000 yn fergeliking mei it jier 2008, doe't de oplaach noch út 99.000 kranten bestie.[14] Fan dy oplaach bestiet likernôch 13.000 út de saneamde Webedysje fan de Ljouwerter Krante.[15] Oars as oare kranten yn Nederlân hat de Ljouwerter Krante net in soad te lijen fan it ferlies oan lêzers. Neffens Marcel Broersma, skriuwer fan it boek Beschaafde vooruitgang. De wereld van de Leeuwarder Courant 1752-2002, hat dat te krijen mei it krekte sjoernalistyske wurk en de kontinuïteit fan de krante.[16] Dochs hat de krante te krijen mei in weromgong yn it tal abonneminten. Sûnt 2000 is de oplaach mei likernôch 16.000 minder wurden. Mar mei de presintaasjes fan it nije uterlik fan de krante is de oplaach yn oktober 2010 foar it earst sûnt maart 2002 wer wat woeksen.[13]

It hichtepunt wat de oplaach oanbelanget leit om it jier 2000 hinne, mei in oplaach fan mear as 110.000. Yn de njonkensteande tabel stiet de ûntwikkeling fan de oplaach sûnt 1914.[17][18]

De Ljouwerter Krante hat yn Fryslân in dekkingsgraad fan 36%. Wurdt yn de dekkingsgraad ek it persintaazje meirekkene fan minsken dy't de krante trochjûn krije - mar sels gjin abbonemint hawwe - komt dat persintaazje út op 46%.[14] De Ljouwerter is dêrmei de meast lêzen kranten fan Fryslân.

Ynternet bewurkje seksje

Mei de tiid is de Ljouwerter Krante hieltyd mear aktyf wurden op it ynternet. De hiemside fan de krante bestiet sûnt de ein fan de 20e iuw. Hjoed-de-dei is der ek in webedysje fan de krante. Likernôch 13.000 minsken hawwe in abonnemint op de webedysje, mar ek gewoane abonneminthâlders kinne de webedysje lêze. Njonken de eigen hiemside foar de kompjûter binne der ek applikaasje foar de mobile tillefoan en de iPhone wêrtroch minsken it nijs fan de hiemside ek op harren tillefoan lêze kinne.

De Ljouwerter Krante is ek warber op de sosjale websiden fan Twitter, Facebook en Instagram en op de ynternetmienskippen YouTube. Foar Facebook en minsken mei in eigen webside of in weblog binne der saneamde “widgets” te krijen. Dat binne applikaasjes dy't de minsken op harren eigen hiemside sette kinne, sadt it lêste nijs fan de Ljouwerter Krante automatysk op dy websiden ferskynt.

De Stifting Digitaal Argyf Ljouwerter Krante, in gearwurking fan Tresoar en de NDC Mediagroep, dêr't de Ljouwerter Krante in ûnderdiel fan is, hat sûnt 2006 alle kranten fan de Ljouwerter sûnt de stifting yn 1752 digitalisearre. Sûnt 24 oktober 2007 is dat argyf oer it ynternet yn te sjen. Der binne mear as 8 miljoen artikels beskikber, dy't allegear mei in sykmasine opfrege wurde kinne. Letter binne der ek (parten fan) argiven fan oare kranten bykaam, lykas dy fan it Deiblêd fan it Noarden en oare deiblêden fan de NDC Mediagroep.

Meiwurkers en âld-meiwurkers bewurkje seksje

Literatuer bewurkje seksje

  • Broersma, Marcel (2002). Beschaafde vooruitgang. De wereld van de Leeuwarder Courant 1752-2002. Ljouwert: Friese Pers Boekerij
  • Broersma, Marcel & Brugman, Gitte. De nieuste tydingen. Leeuwarder Courant 250 jaar - Speciale uitgave Leeuwarder Courant.

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Broersma, Marcel & Brugman, Gitte. De nieuste tydingen. Leeuwarder Courant 250 jaar - Speciale uitgave Leeuwarder Courant. Side 3.
  2. 2,0 2,1 Plasse, J. van der (2005). Kroniek van de Nederlandse dagblad- en opiniepers. Otto Cramwinckel Uitgeverij. Side 16. ISBN 90-75727-77-1
  3. Plasse, J. van der (2005). Kroniek van de Nederlandse dagblad- en opiniepers. Otto Cramwinckel Uitgeverij. Side 25. ISBN 90-75727-77-1
  4. Plasse, J. van der (2005). Kroniek van de Nederlandse dagblad- en opiniepers. Otto Cramwinckel Uitgeverij. Side 18. ISBN 90-75727-77-1
  5. Theeuwen, P.J.H.M. (2002).Pieter 't Hoen en de Post van den Neder-Rhijn (1781-1787): een bijdrage tot de kennis van de Nederlandse geschiedenis in het laatste kwart van de achttiende eeuw. Side 661. ISBN 978-90-6550-677-1
  6. Korevaart, K. (2001). Ziften en zemelknoopen: literaire kritiek in de Nederlandse dag-, nieuws- en weekbladen 1814-1848. Verloren. Side 206. ISBN 978-90-6550-638-2
  7. Geschiedenis, Je Maintaindrai Fonds (sjoen op 28 novimber 2010)
  8. Plasse, J. van der (2005). Kroniek van de Nederlandse dagblad- en opiniepers. Otto Cramwinckel Uitgeverij. Side 142. ISBN 90-75727-77-1
  9. Plasse, J. van der (2005). Kroniek van de Nederlandse dagblad- en opiniepers. Otto Cramwinckel Uitgeverij. Side 152. ISBN 90-75727-77-1
  10. Vernieuwde Leeuwarder Courant, Nederlands Medianetwerk (sjoen op 28 novimber 2010)
  11. Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 168. ISBN 978-90-01-77904-7
  12. Lasagabaster, D. (2007).Multilingualism in European bilingual contexts: language use and attitudes. Multilingual Matters. Side 145. ISBN 978-1-85359-929-3
  13. 13,0 13,1 Oplage vernieuwde Leeuwarder Courant stijgt, Parool.nl (sjoen op 28 novimber 2010)
  14. 14,0 14,1 Noordhoff Atlasproducties (2009). De Bosatlas van Fryslân - Een ontdekkingsreis door Fryslân in kaarten en beelden. Noordhoff Atlas Producties. Side 168. ISBN 978-90-01-77904-7
  15. [1] (sjoen op 28 novimber 2010)
  16. Leeuwarder Courant / Beschaving als succes Trouw.nl (sjoen op 28 novimber 2010)
  17. Plasse, J. van der (2005). Kroniek van de Nederlandse dagblad- en opiniepers. Otto Cramwinckel Uitgeverij. ISBN 90-75727-77-1
  18. HOI Instituut voor Media Auditing (sjoen op 28 novimber 2010)