Sander Warmerdam
Sander Warmerdam (Hillegom, 10 april 1972) is in Snitser haadredakteur fan de NRC.
Sander Warmerdam | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sander Warmerdam | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 10 april 1972 | |
berteplak | Hillegom | |
wurkpaad | ||
berop/amt | sjoernalist | |
aktyf as | sjoernalist, redakteur | |
reden bekendheid |
haadredakteur Ljouwerter Krante |
Karriêre
bewurkje seksjeWarmerdam waard berne yn de bollestreek yn Súd-Hollân mar groeide op yn Stiens. By syn stúdzje Amerikanistyk oan de Ryksuniversiteit Grins rûn hy staazje by NOS-korrespondint Charles Groenhuijsen yn Amearika. Doe ’t er weromkaam yn Nederlân gie er oan 'e slach by de NOS. [1] Earst by it Radio 1 Journaal, letter as redakteur Bûtenlân en Ekonomy. De lêste jierren wi er koördinator by it NOS Journaal en einredakteur by NOS.nl.
Yn 2018 stapte Warmerdam oer fan de NOS nei de krantewrâld en waard oant 2023 haadredakteur fan de Ljouwerter Krante en lid fan it managementteam fan Mediahuis Noord. [2][3] Yn 2023 waard er eindredakteur fan NRC en fan it popmagazine Heaven·
Aktiviteiten
bewurkje seksjeWarmerdam wie foarsitter fan de masterclass Finansjele Sjoernalistyk en wie bestjoerslid fan de Stichting Expertizesintrum Sjoernalistyk en kommissaris by Omrop Fryslân. Ek wie er lid fan de ried fan tafersjoch by it festival Welcome to the Village.
Ferskaat
bewurkje seksjeYn syn jeugd wie Sander Warmerdam frijwilliger presintator keunst en kultuer, redakteur en muzykgearstaller by Radio Middelsee Stiens.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|