Welcome to the Village
Welcome to the Village (Ingelsk foar "Wolkom yn it Doarp"), soms ôfkoarte ta WTTV, is in muzykfestival dat oant 2021 elts jier yn july holden waard yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer, oan 'e eastkant fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1] Dit evenemint belibbe syn earste edysje yn 2012.[1] It besloech de earste jierren altyd trije dagen (freed, sneon en snein), mar yn 2018 begûn it foar it earst al op 'e tongersdeitejûn. Dêrby gie it lykwols om in beskieden foarprogramma, dat benammen bedoeld wie foar omwenjenden.[1]
Welcome to the Village | ||
![]() | ||
Wolkomstboerd fan Welcome to the Village 2019 | ||
plak en tiid | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
gemeente | ![]() | |
plak | ![]() | |
holden yn | De Griene Stjer | |
tiid fan it jier | july | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | WTTV | |
soarte evenemint | muzykfestival | |
sjenre | popmuzyk | |
bestean | 2012 – no | |
offisjele webside | ||
www.welcometothevillage.nl |
EftergrûnBewurkje
Muzyk en teäterBewurkje
Op Welcome to the Village is popmuzyk te hearren dy't fersoarge wurdt troch in kar oan Nederlânske en bûtenlânske bands en artysten. Yn ien fan de earste edysjes wie Franz Ferdinand ien fan de grutte nammen. Yn 2018 spilen ûnder oare de Mark Lanegan Band, Tune-Yards, Wende, Joan As Police Woman, Mykki Blanco, Tal National en Ivo Dimchev op it festival. In jier letter kamen Joost en Claw Boys Claw nei de Griene Stjer.[2][3]
It festival omfiemet al fan it begjin ôf oan njonken de line-up fan muzikanten ek in mânske teäterprogrammearring. Dêr wurke yn 2018 bgl. Sien Vanmaele oan mei en ek wie de foarstelling Solo te sjen, dy't basearre wie op ferhalen fan 'e leden fan it Noard Nederlânsk Orkest.[2][3]
Bewust itenBewurkje
Fierders stiet Welcome to the Village derom bekend dat it syn publyk bewust besiket te meitsjen fan wat der iten wurdt. Sa waard foar ien fan 'e iere edysjes in ko kocht op 'e feemerk fan Ljouwert, dy't slachte waard om hamburgers fan te meitsjen. It jiers dêrop waard itselde dien mei trije slachtkeallen en yn 2017 stie der ponnyfleis op it menu. Yn 2018 wiene der op it festival frikandellen te keap dy't makke wiene fan geitefleis. Ek wiene der hamburgers en hotdogs fan guozzefleis (fan guozzen dy't ôfsketten wiene fanwegen oerlêst), en fierders shoarma makke fan koal, en patat makke fan imerkes (krekels).[4][5]
SkiednisBewurkje
Welcome to the Village waard yn 2012 foar it earst holden.[1] Sûnt 2015 agearret de Stifting Griene Stjer Duorsum tsjin it gebrûk fan De Griene Stjer troch grutte muzykfestivals as Welcome to the Village, Psy-Fi en Promised Land.[6]
Yn 2020 gie Welcome to the Village oer fanwegen de koroanafiruspandemy.[7] Yn 2021 waard inkele wiken foar it festival de miljeufergunning dy't de Gemeente Ljouwert ôfjûn hie, troch de rjochter ferneatige nei't Griene Stjer Duorsum in proses oanspand hie. De Griene Stjer foel doe ôf as festivalplak en Welcome to the Village moast op 'e siik nei in oare lokaasje.[7] Twa dagen letter waard dúdlik dat in mei tûzen hasten optuge 'neededysje' yn 'e Ljouwerter binnenstêd troch de nije beheinings yn it ramt fan 'e koroanapandemy likemin trochgean koe.[8]
Yn oktober 2021 makke it bestjoer fan Welcome to the Village bekend dat it festival net mear yn De Griene Stjer weromkeare soe. Men woe ôf fan 'e ûnwissichheid dy't de rjochtsaken fan Griene Stjer Duorsum elts jier opsmieten en gie dêrom op 'e siik nei in oare, gaadlikere lokaasje yn Ljouwert en omkriten. Ljouwert bleau wol "de thúshaven" foar Welcome to the Village.[9]
Keppelings om utensBewurkje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|