Psy-Fi (Ingelske útspraak: "saai-faai") wie in fiifdeisk muzykfestival dat elts jier yn augustus holden waard yn it rekreaasjegebiet De Griene Stjer, oan 'e eastkant fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert.[1][2] Psy-Fi bestie fan 2013 ôf,[3] en hoewol't it hiel populêr wie by fans fan psytrance, in subsjenre fan 'e dancemuzyk,[4] lei it op in tige minne namme yn guon oare fermiddens, wêrûnder dy fan natoerbeskermers en omwenjenden.[2] Nei't it festival omreden fan wjerstân fan û.o. de Stifting Griene Stjer Duorsum ferskate kearen oergean moatten hie, loek de organisaasje yn 2023 de stekker derút.[5]

Psy-Fi
plak en tiid
lân Nederlân
provinsje Fryslân
gemeente Ljouwert (gemeente)
plak Ljouwert (stêd)
holden yn De Griene Stjer
tiid fan it jier augustus
bysûnderheden
soarte evenemint muzykfestival
sjenre dance
bestean 20132023
offisjele webside
www.psy-fi.nl

Skiednis bewurkje seksje

Psy-Fi waard foar it earst holden yn 2013.[3] Nei de dramatyske lûdsoerlêst dy't de edysje fan 2014 oant djip yn 'e Trynwâlden feroarsake,[6] rjochten guon omwenjenden de Stifting Griene Stjer Duorsum op, dy't sûnt in stikel yn 'e foet is foar de organisaasje fan it festival, en dy't it evenemint op alderhanne manearen ferbean besiket te krijen, lykas mei beswierprosedueres en rjochtsaken.[2]

Edysje 2018 bewurkje seksje

Yn 2018 kamen der yn totaal 12.500 besikers[4] út 'e hiele wrâld[7] op Psy-Fi ôf, nettsjinsteande it feit dat de rjochter fiif dagen foar it begjin útspraak dien hie dat de muzyk nachts suniger set wurde moast en dat der troch festivalgongers langer net kampearre wurde mocht yn it strewelleguod.[2] De reden dêrfoar wie om beskerme bistesoarten dy't yn De Griene Stjer foarkomme, lykas de wetterpipermûs en de heidekikkert, te ûntsjen.[2] Yn in oare saak, dy't oanspand wie troch Griene Stjer Duorsum en wêryn't beswier makke waard tsjin it feit dat de organisaasje fan Psy-Fi mei ynbegryp fan op- en ôfbouperioades suver de hiele moanne augustus eksklusyf oer De Griene Stjer beskikke koe, die de rjochter útspraak yn it foardiel fan it muzykfestival.[2]

Psy-Fi hie yn 2018 as ûndertitel A Shamanic Experience, "In Sjamanistyske Underfining". It stie dêrom alhiel yn it teken fan it sjamanisme, foarâlderferearing en oare aspekten fan natoerreligyen.[1] It festival waard yn ferbân dêrmei iepene mei in rituële seremoanje dy't útfierd waard troch de Inûyt-sjamaan Angaangaq Angakkorsuaq út Grienlân en trije fan syn amtsgenoaten: in lânseigen sjamaan út Meksiko, in Yndiaanske medisynfrou út Noard-Amearika en in sjamaan fan 'e Maoary út Nij-Seelân.[1] Nei ôfrin fan it festival levere Psy-Fi it terrein nei eigen sizzen skjinner op as dat se it yn besit nommen hiene; der wiene doe allinnich al 16 jiskepûden fol sigarettepeuken opsocht dy't ôfkomstich wiene fan oare festivals (lykas Welcome to the Village en Promised Land).[4] Fierders waarden ek alle kartonnen fuortsmytbekers, boarden, servetten en taffelreau opsocht. Foar de Ljouwerter Krante oer oppenearre de organisaasje om tenei mar in ôfwaskmasine oan te skaffen om ierdewurken servysguod en metalen taffelsreau (dat wer ynlevere wurde koe) skjin te meitsjen, mei't biologysk ôfbrekber spul net goed genôch wie.[4]

Op tiisdei 14 augustus, noch foar it begjin fan it festival, die bliken dat Psy-Fi him net oan 'e útspraak fan 'e rjochter hold, en dat der dochs sa'n 1.000 tinten yn it strewelleguod opslein wiene. Neffens Wiebe Kootstra fan Psy-Fi koe dat net oars om't der te min romte wie. De Gemeente Ljouwert griep lykwols net hanthavenjend yn: boargemaster Ferd Crone stjoerde in lulk brief oan Kootstra en liet it dêrby, om't yngripen neffens him de iepenbiere oarder en de feilichheid yn gefaar bringe soe. Op 15 augustus ljochte Crone de Provinsje Fryslân yn. Dy stjoerde daliks amtners dy't fêststelden dat de strûken yndie fol mei tinten stiene. Dêrop kaam deputearre Sander de Rouwe op 16 augustus sels del en op 17 augustus lei de provinsje Psy-Fi in twangsom fan €10.000 op: foar 18.00 oere op sneon 18 augustus moasten de tinten tusken de strûken wei wêze. Kootstra lape dat befel oan syn lears, om't er dat neffens him allinnich mar foarinoar krije koe troch it festival healwei ôf te brekken. It gefolch wie dat de provinsje oan Psy-Fi in boete fan €10.000 útskreau. Psy-Fi stapte nei de rjochter.[8][9]

Psy-Fi út Ljouwert wei of dochs net bewurkje seksje

Heal july 2019 makke de organisaasje fan Psy-Fi bekend dat 2019 it lêste jier wie dat it evenemint yn De Griene Stjer holden wurde soe,[10] om't it fanwegen alle regels en beheinings "net mear mooglik [wie] om yn Ljouwert in grut ynternasjonaal festival te organisearjen."[10] Dêrmei waard de skuld fierhinne by de Gemeente Ljouwert lein. Dy reägearre yn 'e persoan fan wethâlder Sjoerd Feitsma yrritearre en neamde it "gelul" dat de gemeente net genôch meiwurke hie. Krektoarsom, de gemeente hie alles dien dat mooglik wie om Psy-Fi te geriven.[11] Foar de organisaasje fan it evenemint wie in nije edysje yn De Griene Stjer lykwols "definityf gjin opsje."[11] It muzykfestival woe wol troch, mar hie noch gjin nije lokaasje fûn.[11]

De Stifting Griene Stjer Duorsum (GSD) reägearre skeptysk op it nijs. "Earst sjen, dan leauwe," sei foarsitter Theo van Gelder. Neffens him hie de organisaasje fan it festival al twa kear earder oankundige út Ljouwert wei te gean.[12] Hy krige gelyk: ein oktober waard bekend dat Psy-Fi dochs ek yn 2020 wer yn 'e Griene Stjer holden wurde soe. Neffens de organisaasje fan it festival waard dy totale ommeswaai feroarsake troch yngeand oerlis mei de gemeenten Ljouwert en Tytsjerksteradiel en mei de Provinsje Fryslân yn septimber, mei as resultaat dat der by it festival "genôch fertrouwen" ûntstien wie om it nochris besykje te wollen.[13]

Op 19 augustus 2022 ferneatige de rjochtbank yn Grins by in nije beswierssaak oanspand troch Griene Stjer Duorsum de fergunning, dy't troch de Gemeente Ljouwert oan Psy-Fi ôfjûn wie foar in nije edysje fan it festival. Dêrta bestie foar de rjochter genôch reden troch de proseduereflaters dy't de gemeente begien hie by de ferliening fan 'e fergunning, sadat er net iens ynhâldlik op 'e fergunning sels yn hoegde te gean. It festival stie pland foar 14 oant 18 septimber 2022. Omreden fan 'e koarte tiid tusken de útspraak en it festival koe der net op tiid in útspraak yn heger berop ferwachte wurde, mei as gefolch dat Psi-Fy dat jiers net trochgean koe.[14][15]

Yn 2023 wie der fannijs gjin Psy-Fi yn 'e Griene Stjer, mar waard der by Ryptsjerk in soartgelikens muzykfestival holden, dat Psylân neamd waard.[16] Yn 'e twadde wike fan septimber 2023 makke de organisaasje fan Psy-Fi bekend dat der definityf in punt set waard efter it muzykfestival yn 'e Griene Stjer. Ynstee soe der mids july yn 'e simmer fan 2024 ûnder deselde namme in nij festival optúgd wurde dat tenei holden waard yn rekreaasjegebiet Het Hulsbeek yn 'e gemeente Oldenseal yn Twinte.[5] Mids febrewaris 2024 kaam it berjocht dat Psy-Fi dat jiers net trochgie, om't de Gemeente Oldenseal it festival dochs net yn it bestimmingsplan fan Het Hulsbeek passen fûn.[17]

Keppelings om utens bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 1,0 1,1 1,2 Haagsma, Jacob, Psy-Fi geopend met sjamanenceremonie, yn: de Ljouwerter Krante, 16 augustus 2018, s. 13.
  2. 2,0 2,1 2,2 2,3 2,4 2,5 Walthaus, Asing, Psy-Fi: muziek zachter en uit de bosjes blijven, yn: de Ljouwerter Krante, 10 augustus 2018, s. 3.
  3. 3,0 3,1 Ynformaasje oer Psy-Fi op Festivalinfo.nl.
  4. 4,0 4,1 4,2 4,3 Koen, Wietske, Vaatwasser en wasmachine bij volgende editie van Psy-Fi, yn: de Ljouwerter Krante, 22 augustus 2018, s. 29.
  5. 5,0 5,1 Haagsma, Jacob, Festival Psy-Fi vertrekt definitief naar Twente, yn: de Ljouwerter Krante, 8 septimber 2023, s. 24.
  6. ——, Psy-Fi jaagt vogels angst aan, yn: de Ljouwerter Krante, 27 desimber 2014.
  7. Vlies, Marscha van der, Zoeken naar sprookjes en knuffels, yn: de Ljouwerter Krante, 15 augustus 2018, s. 27.
  8. Vries, Atze Jan de, Rel om 1000 tenten Psy-Fi, yn: de Ljouwerter Krante, 12 septimber 2018, s. 1.
  9. Vries, Atze Jan de, Psy-Fi vecht boete van provincie aan, yn: de Ljouwerter Krante, 12 septimber 2018, s. 18.
  10. 10,0 10,1 Haar, Patrick van 't, Dancefestival Psy-Fi stopt na 2019 yn Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 18 july 2019, s. 1.
  11. 11,0 11,1 11,2 Haar, Patrick van 't, Psy-Fi: nog geen nieuwe locatie, yn: de Ljouwerter Krante, 18 july 2019, s. 3.
  12. Bosma, Willem, Actiegroep GSD wil eerst zien, dan geloven dat Psy-Fi vertrekt, yn: de Ljouwerter Krante, 19 july 2019, s. 3.
  13. Haar, Patrick van 't, Festival Psy-Fi verandert mening en blijft toch in Leeuwarden, yn: de Ljouwerter Krante, 26 oktober 2019, s. 2.
  14. Boers, Erwin, Psy-Fi gaat niet door: rechtbank zet streep door vergunning, yn: de Ljouwerter Krante, 20 augustus 2022, s. 1.
  15. Boers, Erwin, Leeuwarden wil festivals in Groene Ster behouden, yn: de Ljouwerter Krante, 20 augustus 2022, s. 18.
  16. ——, Festival Psylân by Ryptsjerk mei trochgean, seit de rjochter, op: Omrop Fryslân, 3 augustus 2013.
  17. ——, Streep door Psy-Fi in Oldenzaal, yn: de Ljouwerter Krante, 16 febrewaris 2024, s. 24.