Ferd Crone (folút: Ferdinandus Johannes Maria Crone; Doardt, 19 july 1954) is in Nederlânsk politikus foar de PvdA. Hy hat lid fan 'e Twadde Keamer west en fan 2007 ôf wied er boargemaster fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. Yn 2019 waard er lid fan 'e Earste Keamer.

Ferd Crone
politikus
echte namme Ferdinandus Johannes
   Maria Crone
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 19 july 1954
berteplak Doardt (Súd-Hollân)
etnisiteit Nederlânsk
partij PvdA
lid fan 'e Earste Keamer
amtsperioade 2019 – ....
boargemaster fan Ljouwert
amtsperioade 20072019
foargonger Geert Dales
opfolger Sybrand van Haersma Buma
lid fan 'e Twadde Keamer
amtsperioade 19942007
offisjele webside
Ferd Crone op Twitter

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Crone waard yn 1954 berne yn in roomske húshâlding yn 'e Súdhollânske stêd Doardt. Nei't er de middelbere skoalle ôfrûne hie, studearre er ekonomy oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Yn dy snuorje wied er njonken syn stúdzje foarsitter fan it studintefakbûn Algemiene Studinte Feriening Amsterdam (ASVA), foarsitter fan 'e Sosjalistyske Utjouwerij Amsterdam (SUA) en lid fan ferskate bestjoersorganen fan 'e Ekonomyske Fakulteit fan 'e Universiteit fan Amsterdam.

Nei't er ôfstudearre wie, kaam Crone by it fakbûn FNV te wurkjen. Letter waard er amtner en beklaaide er de funksje fan haad fan 'e ôfdieling Mondiaal Miljeubelied op it Ministearje fan Folkshûsfêsting, Romtlike Oardering en Miljeubehear. Ek wied er lid fan 'e Sosjaal-Ekonomyske Ried (SER).

By de Twadde-Keamerferkiezings fan 1994 waard Crone foar de sosjaal-demokratyske PvdA keazen as parlemintslid. Yn 'e Twadde Keamer wied er foar syn partij wurdfierder op it mêd fan finânsjes en elektrisiteitsmerkbelied. Ek makke er diel út fan it bestjoer fan 'e Twadde-Keamerfraksje fan 'e PvdA. Hy tsjinne inisjatyfwetsfoarstellen yn oangeande de tagonklikheid en berikberheid fan basisbeteltsjinsten (2004), oangeande beheining fan ûnwinske stilswijende ferlinging fan lidmaatskippen en abonneminten (2006) en oangeande rjochtsbeskerming fan belestingplichtigen by kontrôlehannelings fan 'e fiskus (2006).

Doe't yn 2007 it kabinet-Balkenende IV foarme waard, waard Crone neamd as mooglik minister of steatssiktaris fan Finânsjes of Ekonomyske Saken. Dat rûn lykwols nearne op út, en Crone bleau lid fan 'e Twadde Keamer.

Likernôch in jier nei de Twadde-Keamerferkiezings fan 2006 waard Crone oansteld as boargemaster fan 'e Fryske haadstêd Ljouwert. By syn ôfskie fan 'e lanlike polityk waard er beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy wie dêrnei oant 1 jannewaris 2014 boargemaster fan Ljouwert. Op dy datum hold de oanbuorjende gemeente Boarnsterhim op te bestean en waard foar in diel by de Gemeente Ljouwert foege. Crone waard doe waarnimmend boargemaster fan wat formeel in nije gemeente ûnder in âlde namme wie. Ein maaie 2014 waard er troch de nije gemeenterie foardroegen foar in nije termyn as boargemaster, en op 30 juny waard er as sadanich beneamd troch de ministerried.

Doe't per 1 jannewaris 2018 de gemeente Ljouwerteradiel en in foech stik fan it âlde Littenseradiel by de gemeente Ljouwert kamen te hearren, mei as gefolch dat der op 'e nij formeel in nije gemeente Ljouwert ûntstie, waard Crone op 'e nij waarnimmend boargemaster. Yn dy hoedanichheid hied er yn 2018 it tafersjoch oer it projekt Ljouwert/Fryslân Kulturele Haadstêd fan Jeropa, by de tarieding wêrfan't er yn 'e foargeande jierren ek yngeand belutsen west hie. Yn it neijier fan 2018 makke Crone bekend dat er gjin nije termyn as boargemaster fan Ljouwert sykje soe. Yn maaie 2019 waard Crone foar de PvdA yn 'e Earste Keamer keazen. Tagelyk makke de gemeenteried fan Ljouwert bekend dat âld-fraksjefoarsitter fan it CDA yn 'e Twadde Keamer Sybrand van Haersma Buma oansteld wurde soe as nije boargemaster. Dy oanstelling folge yn augustus.

Neist syn Earste Keamerlidmaatskip hat Crone ferskate njonkenfunksjes; sa is er foarsitter fan de Ried fan Tafersjoch fan it Stimuleringsfonds Volkshuisvesting Nederlandse gemeenten (SVn), foarsitter fan de Rie fan Tafersjoch fan it Koninklijk Nederlands Meteorologisch Instituut (KNMI) en lid fan de Rie fan Tafersjoch fan it Platform31.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Bronnen, noten en/of referenties, op dizze side.