In wurdfierder of kommunikaasjemeiwurker is in persoan dy't de eksterne kommunikaasje fan in organisaasje of in bedriuw beävensearret. Hy of sy ûnderhâldt dêrby as ûnderdiel fan syn/har berop kontakten mei de media en bringt relevante ynformaasje út de oangeande organisaasje of it oangeande bedriuw nei bûten ta. In wurdfierder kin oplaat wêze as kommunikaasjekundige of in oplieding folge hawwe yn 'e public relations, mar minder spesifike opliedings komme ek foar.

Tony Snow, de wurdfierder fan it Wite Hûs (2006).

Yn in protte organisaasjes en bedriuwen hat de wurdfierder it útslutende rjocht om mei de media en/of oare bûtensteanders te kommunisearjen, en moatte alle oare meiwurkers har dêrfan ûnthâlde. Op dy wize wurdt de fersprieding fan ynformaasje behearske en beheind: oan 'e iene kant wurdt de fersprieding fan ûnwierheden en mooglik skealike of kweawollende geroften sa tsjinkeard, en oan 'e oare kant filteret de direksje of it bestjoer sa de ynformaasjestream, sadat der by fersin gjin gefoelige of geheime gegevens priisjûn wurde.

Ek yn 'e polityk komme wurdfierders in soad foar. Sa hâldt de wurdfierder fan it Wite Hûs (d.w.s. fan 'e Amerikaanske presidint) suver eltse dei in parsekonferinsje. Yn Nederlân is de wurdfierder fan in fraksje immen dy't út namme fan dy partijfraksje yn 'e Earste of Twadde Keamer oer in beskaat ûnderwerp sprekt.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.