Sybrand van Haersma Buma (1965)
Sybrand van Haersma Buma (Warkum, 30 july 1965) is in Nederlânsk politikus fan it CDA. Alhoewol't syn offisjele namme Van Haersma Buma is, wurdt dy faak ôfkoarte ta Buma. Hy wie fan 2010 oant 2019 fraksjefoarsitter fan dy partij yn 'e Twadde Keamer. Op 18 maaie 2012 waard Van Haersma Buma keazen ta partijlieder, wêrnei't er op 30 juny formeel beneamd waard. Earder dielde er it partijliederskip mei fise-minister-presidint en minister Maxime Verhagen en partijfoarsitter Ruth Peetoom. Yn 2019 waard Van Haersma Buma oansteld as boargemaster fan Ljouwert.
Sybrand Buma | ||
![]() | ||
Algemien | ||
Folsleine namme | Sybrand van Haersma Buma | |
Berne | 30 july 1965 | |
Berteplak | Warkum | |
Partij | CDA | |
Titels | mr. | |
Politike funksjes | ||
2002 | gemeenteriedslid Leidsendam-Foarburch | |
2002-2019 | lid Twadde Keamer | |
2010-2019 | fraksjefoarsitter CDA Twadde Keamer | |
2012-2019 | polityk lieder CDA | |
2019-.... | boargemaster Ljouwert |
OpliedingBewurkje
Nei in atheneumoplieding yn Snits studearre Van Haersma Buma tusken 1983 en 1989 Nederlânsk rjocht oan 'e Ryksuniversiteit Grins. Dêrnei die er in kursus ynternasjonaal rjocht oan 'e Universiteit fan Cambridge. Yn 1990 gong er as stafjurist oan it wurk by de Rie fan Steat.
FunksjesBewurkje
- Lid Twadde Keamer
- Bestjoerslid CDA Súd-Hollân
- Sekretaris CDA keamerrûnte De Haach
- Riedslid gemeente Leidsendam-Foarburch
- Bestjoerslid stifting fraksjeburo CDA
- Fan (12 oktober) 2010-2019 fraksjefoarsitter fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA
- Fan (18 maaie) 2012-2019 partijlieder fan de Twadde Keamerfraksje fan it CDA
- 2019-.... boargemaster fan Ljouwert
PublikaasjesBewurkje
- Sybrand van Haersma Buma: Tsjin it synisme. Foar in nije moraal yn de polityk. Amsterdam, Prometheus, 2016. ISBN 9789044633108
- Sybrand van Haersma Buma: Tegearre kinne wy mear. Skoarl, Utjouwerij Conserve, 2012. ISBN 9789054293439
- Sybrand van Haersma Buma: Oer it toetsen fan wetten oan de grûnwet. In blik op de kearn fan de demokrasy. Ljouwert, Universitêre Parse Fryslân, 2004. Gjin ISBN
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sybrand van Haersma Buma fan Wikimedia Commons. |