Wiardus Willem Buma
Wiardus Willem Buma (Ljouwert, 11 oktober 1802 - Ljouwert, 10 septimber 1873) wie in Frysk jurist, bestjoerder en publisist.
Libben en wurk
bewurkje seksjeBuma wie in soan fan Mr. Bernhardus Buma en Rolina Maria Hora Siccama. Hy studearre oan de Latynske skoalle yn Ljouwert en sûnt 1819 rjochten oan de Grinzer Hegeskoalle. Hy promovearre yn 1823 op syn proefskrift de Jure Gratiae.[1] Nei syn stúdzje fêstige hy him as abbekaat yn Ljouwert.
Mr. Buma troude yn 1823 mei Maria de With (1803-1878), dochter fan Jan Minnema de With en Catharina van Haersma. Ut harren houlik kamen tolve bern. Troch harren ferneamingsmetoade, wêrby't famyljeleden mei namme en tanamme ferneamd waarden, ûntstienen de nije famyljenammen Hopperus Buma, Van Haersma Buma en de Blocq van Haersma Buma. Se wienen de âlden fan ûnder oaren Bernhardus Hopperus Buma. As betinking fan harren 45-jierrich houliksjubileum yn 1868 makke sulversmid Tjeerd Annes Keikes in betinkingsmedalje.[2]
Buma waard yn 1829 lid fan de Provinsjale Steaten en yn 1832 lid fan de Deputearre Steaten fan Fryslân. Hy trede yn 1845 werom as Deputearre en waard yn dat jier kurator fan it steedlik Gymnasium. Yn 1834 waard hy rjochter-plakferfanger by de rjochtbank fan earste oanlis yn Ljouwert. Hy waard dat jier keazen tot lid fan de Twadde Keamer, mar betanke foar de eare.[3] Yn 1845 waard hie riedshear en yn 1863 presidint fan it Provinsjaal Gerjochtshof fan Fryslân.
Buma skreau in oantal brosjueres dy't te krijen hienen mei it tsjerklik rjocht en histoaryske artikels foar De Vrije Fries, tydskrift fan it Provinciaal Friesch Genootschap ter Beoefening van Friesche Geschied-, Oudheid- en Taalkunde.[4]
Buma waard yn 1840 beneamd as Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw. Hy ferstoar op hast 72-jierrige leeftiid en waard begroeven op it begraafplak fan de famylje Buma yn Weidum.