Bernhardus Buma
abbekaat, grytman en politikus
Bernhardus Buma (Ljouwert, 17 oktober 1770 - dêre, 14 july 1838) wie abbekaat, grytman en politikus.
As abbekaat hie er meardere funksjes yn de Frânske tiid. Sa wied er maire en presidint-boargemaster fan Ljouwert yn 1813, luitenant kolonel by de lânstoarm (1814). Ek wie Buma lid fan de gearkomste fan de foar notabelen foar de Grûnwet, lid fan Deputearre Steaten en grytman fan Barradiel (1816 - 1834)
Bernardus wie de heit fan Mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873). Syn pakesizzer Bernhardus naam de namme Hopperus Buma oan en waard dêrtroch de stamheit fan it laach Hopperus Buma. In oare pakesizzer, Sijbrand van Haersma (1830-1886), naam de namme Van Haersma Buma oan en waard sa de stamheit fan it laach Van Haersma Buma.
Sjoch ek
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
|