Buma (laach)
Buma is in Nederlânsk patrysjerslaach ôfkomstich út Fryslân, lykwols net allegearre fan deselde stam.
Beskriuwing
bewurkje seksjeBekend is it laach út Dearsum, dêr't ien fan de namme Buma oannimt fan syn frou. Dêr binne Gerlacus Buma (1732 - 1807), Bernardus Buma en Wiardus Willem Buma út fuortkaam.[1]
By Weidum leit it partikuliere begraafplak fan de Fryske Buma's. De pleats yn de omkriten hie it hôf op 'e noed en de pachtopbringst waard brûkt foar it ûnderhâld. Op de homeie fan it hôf steane de liuwen fan it laach Buma en it laach Hora Siccama. As stifters fan dit tsjerkhôf kinne Rolina Hora Maria Siccema en har man, Bernhardus Buma (1770-1838), beskôge wurde.
Yn 1839 kaam it tsjerkhôf yn famyljebesit, eigner waard harren soan Mr. Wiardus Willem Buma (1802-1873) troud mei Maria de With (1803-1878). Harren soan Bernhardus (1826-1892) naam de namme Hopperus Buma oan [2] en waard dêrtroch de stamheit fan it laach Hopperus Buma. In oare soan, Sijbrand van Haersma (1830-1886), naam de namme Van Haersma Buma oan [3] en waard sa de stamheit fan it laach Van Haersma Buma.
It falt op dat in protte leden fan dit laach wurken by it iepenbier bestjoer, justysje en de kriichsmacht. Harren grêven binne te finen op it famyljetsjerkhôf yn Weidum.[4]
Buma
bewurkje seksje- Bernardus Buma, grytman
- Wiardus Willem Buma (1802-1873), ûnder oare lid Provinsjale en Deputearre Steaten
- Wibo Bernhardus Buma (1807-1848), grytman fan Baarderadiel
- Bernhardus Jouke Buma (1835-1874), boargemaster fan Hemelumer Oldeferd en Noardwâlde
Van Haersma Buma
bewurkje seksje- Wiardus Willem van Haersma Buma (1868-1927), boargemaster en kantonrjochter
- Michiel van Haersma Buma (1951), boargemaster
- Sybrand van Haersma Buma (1965), keamerlid en boargemaster
Hopperus Buma
bewurkje seksje- Bernhardus Hopperus Buma (1826-1892), boargemaster fan Kollumerlân
- Wiardus Willem Hopperus Buma (1865-1934), boargemaster fan Hinnaarderadiel en luitenant skutterij
- J. C. Hopperus Buma, majoar fan de Huzaren en militêr sekretaris fan Prins Bernhard
- W.W. Hopperus Buma, boargemaster fan Dwingeloo en Warnsveld
- B.W. Hopperus Buma, kolonel fan de Keninklike Maresjesee
- A.P.C.C. Hopperus Buma, kommandeur Arts fan de Keninklike Marine, Ynspekteur Militêre Sûnenssoarch
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|