Bernhardus Jouke Buma

Bernhardus Jouke Buma (Ljouwert, 8 april 1835 - Aldeboarn, 21 july 1874) wie in Nederlânsks jurist en boargemaster fan Frysk komôf.

Libben en wurk bewurkje seksje

Buma, lid fan de famylje Buma, wie in soan fan mr. Wybe Bernhardus Buma (1807-1848) en Joanna Elisabeth barones van Haersolte (1813-1864).[1] Hy boaske oan Anna Adriana Sophia Wijckerheld Bisdom (1839-1918).

Hy studearre rjochten oan de Grinzer Hegeskoalle en promovearre dêr yn in 1859. Hy waard beneamd ta boargemaster fan Hemelumer Oldephaert en Noordwolde (1861-1869) en wie dêrnei boargemaster fan Utingeradiel (1869). Om reden fan sykte, frege er maart 1874 dien. In pear moanne letter rekke er wei, mar 39 jier âld, op hûs Nij-Bornia.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Nederland's Patriciaat, 1993