Dwingelo
Dwingelo[1] (Nederlânsk, offisjeel: Dwingeloo, Drintsk: Dwingel) is in doarp yn de gemeente Westerfjild yn de Nederlânske provinsje Drinte. Op 1 jannewaris 2020 hie it doarp 4.123 ynwenners.[2]
Dwingelo | |
---|---|
Oldengaerde by Dwingelo | |
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Drinte |
Gemeente | Westerfjild |
Sifers | |
Ynwennertal | 4.123 (2020) |
Oar | |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53°0′ NB 6°45′ EL |
Webside | dwingeloonatuurlijk.nl |
Dwingelo leit oan de noardwestkant fan Hoogeveen tusken Diever/Dieverbrug en Lhee/Lheebroek yn. Oant de gemeentlike weryndieling fan 1 jannewaris 1998 wie it in selsstannige gemeente, dêr't ek de buorskippen Westeinde, Eemster, Leggeloo, Lhee en Lheebroek en stikken fan Geeuwenbrug en Dieverbrug ta hearden.
De grutte griene brink yn de buorren is beskerme doarpsgesicht. Dwingelo waard yn septimber 2012 útroppen ta 'Grienste doarp fan Europa'.[3]
Skiednis
bewurkje seksjeDe earste fermelding fan it doarp is op in akte út 1181. Dy akte komt út it argyf fan it kleaster fan Ruinen, dat de oankeap fan in hiem mei in tsiende lân yn Twingelo beskriuw. De namme komt út it âld-Saksysk. De namme soe neffens inkele boarnen óf ôflaat wêze kinne fan thingan (betwinge) en lauha/loo (bosk) of fan thwangi (riem) of fan dwing (rjochtsdistrikt). De earste mooglikheid ferwiist dan nei in iepen plak yn de bosk. De twadde mooglikheid ferwiist nei in smelle stripe lân begroeid mei bosk. De tredde mooglikheid ferwiist nei in twangbosk.[4][5]
Yn it earstoan wie Lhee it grutste doarp yn it schultamt, mar troch de oanwêzichheid fan adel yn Dwingelo waard dat yn de 11e-12e iuw geandewei it haadplak. Yn de Frânske tiid waard it schultamt Dwingelo omfoarme nei in gemeente, dêrby foege waarden de buorskippen Eemster en Leggeloo, dy't foarhinne by it schultamt Diever hearden. De nije gemeente bestie oant 1998.
De Nikolaastsjerke
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Nikolaastsjerke (Dwingelo).
De Nikolaastsjerke komt út it begjin fan 15e iuw as ferfanging fa in ienbeukige tsjerke mei in lossteande toer.[6] De hjoeddeiske toerspits waard, nei it ynstoarten fan de foarrige spits, yn 1631 pleatst op inisjatyf fan Rutger fan de Boetzelaer, bewenner fan de havezate Batinge en drost fan Drinte. By de doarpsbrân fan 1923 is in grut diel fan it tsjerkeynterieur yn flammen opgien. Portretten fan Van den Boetzelaer en syn tredde frou Batina fan Lohn binne yn de tsjerke. De kapel by de tsjerke is yn partikulier eigendom.[7]
De juffer fan Batinge
bewurkje seksjeOan de bou fan de Nikolaastsjerke yn Dwingelo is de sêge ferbûn fan de juffer fan Batinge. Dizze juffer ried by de bou fan de tsjerke alle dagen foarby, omdat se in eachje hawwe soe op de boumaster fan de tsjerke. Dizze boumaster wie net ûngefoelich foar har skientme en rekke sa fan de wize, dat hy syn wurk net mear goed dwaan koe. Troch yngripen fan de drost fan Drinte en har heit, de hear fan Batinge, waard de juffer op reis stjoerd, mar net neidat hja har leafste ferteld hie hokker foarm de toerspits fan de nije tsjerke neffens har krije moast. De boumaster wist dêrnei har dreambyld te ferwêzentlikjen. Dat is de reden foar de ôfwikende boustyl. Nei foltôging fan de tsjerke soene beide noch boaske wêze.[8]
Sint-Anthoniusgilde
bewurkje seksjeAlle jierren op 17 jannewaris, de nammedei fan de hillige Anthonius, komme yn Hotel Wesseling oan de brink de tolve bruorren fan it Sint-Anthoniusgilde gear. It gilde wie in woldiedichheidsynstelling, dy't (diels yn natuera) pacht ynbarde by de foarnaamsten fan it doarp en dêrmei de ûnbehelprige ynwenners stipe. Tsjintwurdich stipet it gilde ek maatskiplike projekten. Ien fan de pachten yn natuera bestiet noch altiten: sa moat de bewenner fan it eartiidske schultehûs yn it doarp Dwingelo elk jier op 17 jannewaris sechtjin pakjes (acht pûn) bûter oan it gilde betelje.
Omjouwing
bewurkje seksjeOan de súdkant fan it doarp leit it Nasjonaal Park Dwingelderfjild, in grut bosk- en heidegebiet dêr't noch in skiepkudde rint. Hjir is ek in grutte radioteleskoop en oan de râne fan it gebiet it Planetron. Mear rjochte op it toerisme binne by dit gebiet it boskbad en in tal campings.
Oan de súdwestkant fan Dwingelo is it lângoed fan hûs Oldengaerde, in goed bewarre Drintske havezate út de fyftjinde iuw (ferboud yn 1717). It leane- en grêftestelsel komt ek út dy tiid. Yn de tún efter de havezate rint in 'Grand Canal', in smelle rjochthoekige fiver.
Even bewesten it doarp lizze de hûspleatsen fan de havezaten Batinge (ôfbrutsen yn 1832) en Entinge (ôfbrutsen yn de 18e iuw). De santjinde-iuwske grêfte- en leanestelsels binne noch te werkennen yn it lânskip. Oan de noardkant fan Dwingelo stiet de havezate Westrup. Sûnt 1843 hat it de funksje fan notariskantoar. It rjocht fan havezate fan Westrup is yn 1783 ferlein nei in pleats oan de oare kant fan de strjitte (Entingheweg 8), sadat Dwingelo fiif havezaten hân hat.
In karakteristyk gebou oan de Brink is it 'schultehûs' (Brink 12). Dy eardere amtswente fan de 'schulte' (boargemaster) fan Dwingelo is boud om 1675 hinne yn opdracht fan Jan Coerts Prins.
Eveneminten
bewurkje seksje- Dwingelermerk
- Drintske 8 fan Dwingelo
- Midsimmerfestival
- Doarpsfeest
- Brinkdei op woansdeis yn july en augustus
- Stjerrefestival
- Volkorendei
- Oogstdei
Media
bewurkje seksjeDe wykkrante de Westervelder, Da's Mooi en de Meppeler Courant.
Feriening
bewurkje seksje- Fuotbalferiening 'Dwingeloo'
Fytsrûte
bewurkje seksje- Y.J. Glas-Heide, Schaduwpaden in Dwingeloo; een moordroute naar "Schaduw op de heide" fan Havank-Piter Terpstra. Ljouwert, Stichting Mateor, 1997.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|