Ruinen (Nedersaksysk: Rune) is in doarp yn de gemeente De Wolden yn de provinsje Drinte. Oant 1 jannewaris 1998 wie Ruinen in selsstannige gemeente.

Ruinen
Bram de ram Ruinen door Johan Sterenberg.jpg Bram de Ram
Flagge Wapen
Ruinen vlag.svg Ruinen wapen.svg
Sifers
Ynwennertal 2.700 (2020)
Polityk
Lân Flag of Netherlands.svg Nederlân
provinsje Flag of Drenthe.svg Drinte
gemeente Flag of De Wolden.svg De Wolden
Oar
Tiidsône UTC+1
Simmertiid UTC+2
Webside Side Doarpsbelang Ruinen

SkiednisBewurkje

Sûnt de midsiuwen oant de Frânske tiid wie Ruinen in hege hearlikheid; it waard oantsjut as 'hearlikheid Ruinen'. Yn in akte fan 1139 waard Otto fan Ruinen neamd as ien fan de tsjinstmanlju fan de biskop fan Utert. Yn 1140 stiften benediktynske muontsen in kleaster mei in oan Marije wijde kleasterkapel. Letter ferhûze it kleaster nei Dickninge.

Fan 1811 oant 1998 wie Ruinen in selsstannige gemeente. It grutste diel fan Ruinen waard op 1 jannewaris 1998 by de nije gemeente De Wolden foege, lytsere dielen waarden by de gemeentes Hoogeveen en Westerfjild yndield. De buorskippen Witteveen en Benderse binne ferdield oer de twa lêstneamde gemeentes, mar falle ûnder it adres fan Ruinen.

It doarp hat tradisjoneel in agrarysk karakter.

LokaasjeBewurkje

 
Marijetsjerke

Omlizzende plakken binne Havelte, Ruinerwold en Ansen. Noardlik fan Ruinen leit it 3.700 hektare grutte Nasjonaal Park Dwingelderfjild. Súdlik fan Ruinen leit de 1.100 hektare grutte Boskwachterij Ruinen fan Steatsboskbehear.

It besjen wurdichBewurkje

  De Wikipedy hat ek in side Marijetsjerke (Ruinen).
  • De protestantske Marijetsjerke út de 12e iuw hearde oarspronklik by de benediktynske abdij fan Ruinen, dy't yn de 14e iuw ferhûze nei Dickninge. Yn de kelder ûnder de pastorij efter de tsjerke binne op guon dagen fan it jier de ferwulften te sjen fan it eardere kleaster. Yn de 15e iuw fûn in grutte ferbouwing oan de tsjerke plak.
  • Oan de râne fan de Brink stiet sûnt 1966 'Bram de Ram', in byld fan Johan Sterenberg. It byld stiet symboal foar de keppels skiep dy't om Ruinen hinne weiden.
  • De bultmûne 'De Zaandplatte' yn it oanbuorjende buorskip Engeland is oarspronklik ôfkomstich út Echten.
  • Oan de súdwestrâne fan it heidefjild stiet yn it buorskip Benderse in skieppekoai, dêr't de hoeder alle moarntiden mei in keppel Drintske heideskiep de heide opgiet.
  • Rjochting it heidefjild leit oan de Benderse it Besikerssintrum Dwingelderfjild fan Natuermonuminten.

BerneBewurkje