Zuidwolde (Drinte)

Zuidwolde (Frysk: Súdwâlde; Nedersaksysk: Zuudwolde) is it grutste doarp yn de gemeente De Wolden yn it súdwesten fan de Nederlânske provinsje Drinte. It doarp hat likernôch 6775 ynwenners. Under it doarp falle de útbuorrens Bazuin, Drogt, Lubbinge, Lunssloten, Middelveen, Schottershuizen, Steenbergen en De Stuw. Eartiids foel ek de útbuorren Nijstad ûnder Zuidwolde, mar dy is yn it ramt fan de gemeentlike weryndieling fan 1998 by de gemeente Hoogeveen foege.

Zuidwolde (Drinte)
Flagge Wapen
Polityk
Lân Nederlân
Provinsje Drinte
Gemeente Coevorden
Sifers
Ynwennertal 6.775 (2020)
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 52°40′ NB 6°26′ EL
Nôtmûne 'De Mûne fan Wassens'
Herfoarme Tsjerke fan Zuidwolde

Yn de prehistoarje wie der al bewenning yn de omkriten fan it hjoeddeiske Zuidwolde. Besúdeasten it doarp, om de Ekelenberch hinne, binne spoaren fan bewenning út dy tiid fûn. Nei alle gedachten libben der minsken op de smelle heuvelrêch tusken Ten Arlo en de Reest. Dy heuvelrêch, dat benammen út sângrûn bestie, foarmen nei't it skynt in útfalswei fan it Drintsk Plato nei it gebiet om Ommen hinne. Oan wjerskanten fan de hegere sângrûn leine wiidweidige feansompen. Op dy sângrûn ûntstie yn de Iere Midsiuwen it iesdoarp Suthwalda. Yn 1275 waard it doarp mei dy namme foar it earst neamd. Op de sânkoppen yn it omlizzende feansompegebiet ûntstiene in soad lytse iesdoarpen en -útbuorrens, lykas bygelyks Drogt, Nolde, Ten Arlo, Linde, Lubbinge en Stienbergen.

Benammen Ten Arlo, hjoed-de-dei in beskerme doarpsgesicht, is it âlde karakter fan in Drintsk útbuorren mei ies bewarre bleaun. De measte nammen fan de útbuorrens yn de omkriten binne ôflaat fan pleatslik barren. Vuile Riete hat te krijen mei tichtwoeksen beek, en Pieperij betsjut sokssawat as in dûker yn in streamke. Zuidwolde wie fan dy útbuorrens it haadplak.

De omkriten fan Zuidwolde feroare tige troch de grutskalige feanterijen dy't fan de santjinde iuw ôf plakfûnen op oantrunen fan de famylje Van Echten. Dêrtroch ûntstiene nije útbuorrens en buorskippen. It grutste part fan it fean is lykwols nei 1850 ôfgroeven.

It doarp is dêrnei tige woeksen. Fan in iesdoarp hie it in frij langhalich bebouwingslint oan wjerskanten fan de Hoofdstraat (Haadstrjitte). Dat langhalich patroan waard foar de Twadde Wrâldkriich noch grutter mei fierder útwreidzjen yn de rjochting fan de útbuorrens Steenbergen en Schottershuizen. Nei de kriich wiene der útwreidings oan de west- en eastkant fan it plak, dêrby't de langhalige struktuer fan it doarp alhiel fuortwurke waard.

Oant 1 jannewaris 1998 hearde Zuidwolde by de doetiidske selsstannige gemeente Zuidwolde. Ek de doarpen Fort en Veeningen wiene part fan dy gemeente. Nei dy dei waard de gemeente Zuidwolde part fan de fúzjegemeente De Wolden, tegearre mei de gemeenten Ruinerwold, De Wijk en it grutste part fan Ruinen.

It besjen wurdich

bewurkje seksje
  • Nôtmûne De Meule van Wassens oan Molenstraat 12.
  • Herfoarme Tsjerke oan Hoofdstraat 98. De tsjerke komt fan 1823, de twa klokken fan 1502.
  • Gemeentehûs Gemeente De Wolden oan Raadhuisstraat 2.
  • Museum De Wemme, dat in kultuerhistoarysk en hânkarremuseum is, dy't de skiednis fan it plattelân fan Súdwest-Drinte sjen lit.
  • Edeltinjitterij Tin-Art, njonken museum De Wemme.

Zuidwolde leit besuden autosnelwei A28 op it stik tusken Meppel en Hoogeveen en is te berikken oer ôfrit 25. Beëasten Zuidwolde is de autowei N48 fan Hoogeveen nei Ommen. Yn 2010 en 2011 is in ekodukt oer de N48 boud, mei de namme combiduct Suthwalda.

Berne yn Zuidwolde

bewurkje seksje


Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  De Wolden  
Doarpen:
AlteveerAnsenDrogteropslagenEchtenEursingeKerkenveldKoekangeLindeRuinenRuinerwoldVeeningenDe WijkZuidwolde
Buorskippen:
AnholtArmweideBazuinBenderseBerghuizenBlijdensteinBloembergBraambergBuitenhuizenBultingeDijkhuizenDikningeDrogtDunnigenEemtenEngelandFortGijsselteHaakswoldHaalweideHeesHoge LinthorstKoekangerveldKralooLeeuwteLubbingeLunsslotenMiddelveenNoldeOldenhaveOosteindeOosterwijkOshaarOud VeeningenDe Oude TolPaardelandenPieperijRheebruggenRuinerweideSchottershuizenSchrapveenDe StapelSteenbergenStruikbergDe StuwTen ArloDe TippeVuile RieteWeerwilleWemmenhoveWitteveen
  ·   ·