Herfoarme tsjerke fan Súdwâlde (Drinte)

De Herfoarme tsjerke fan Súdwâlde (offisjeel: Zuidwolde) yn de provinsje Drinte is in tsjerkegebou fan de herfoarme PKN-gemeente Súdwâlde.

Herfoarme tsjerke fan Súdwâlde
bouwurk
lokaasje
lân Nederlân
provinsje Drinte
plak Súdwâlde
adres Haadstrjitte 98
bysûnderheden
type bouwurk Tsjerke
boujier 1823, útwreiding 1856
monumintale status ryksmonumint
monumintnûmer 526039 (mûne) [1]
offisjele webside
Side herfoarme PKN-gemeente Súdwâlde

De tsjerke waard yn 1823 as sealtsjerke boud en ferfong doe de midsiuwske foargonger. Yn 1856 waard it eastlike diel ferfongen troch in dwersskip, sadat de tsjerke in T-foarm krige. De dakruter krige yn 1926 it hjoeddeiske oansjen.

Yn de dakruter hingje twa klokken út 1502 dy't getten waarden troch Willem fan Wou. Fanwegen dy twa klokken krige de tsjerke de status fan ryksmonumint.

De preekstoel datearret út de boutiid fan de tsjerke (1823).

It oargel fan de herfoarme tsjerke waard yn 1902 boud troch Jan Doornbos út Grins en yn 1971 ferfongen troch in ynstrumint fan Hendriksen & Reitsma (Nunspeet). De oargelkas út 1902 bleau lykwols bewarre en sa'n 600 pipen fan it Doornbos-oargel waarden wer brûkt foar it nije ynstrumint. Hendriksen & Reitsma makke it oargel yn 2004 skjin, ferfong doe de Prestant 4' fan it twadde manuaal troch in Dulciaan en liet de oargelkas bestrike mei griene farve en foar it fykwurk in fergulde kleur. It oargel waard yn 2015 troch Henriksen & Reitsma mei fiif ekstra registers en in frij pedaal útwreide. It oargel hat no 20 registers ferdield oer twa manualen en pedaal.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: