Marijetsjerke (Ruinen)
De protestantske Marijetsjerke oan 'e Brink is in goatysk tsjerkegebou út de 12e iuw yn it Drintske doarp Ruinen.
Marijetsjerke
Mariakerk | ||
![]() | ||
![]() | ||
Lokaasje | ||
lân | ![]() | |
provinsje | ![]() | |
plak | ![]() | |
adres | Brink 11 | |
koördinaten | 52°45' N 6°39' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | PKN | |
patroanhillige | Marije | |
Arsjitektuer | ||
boujier | 15e iuw | |
boustyl | gotyk | |
monumintale status | ![]() | |
monumintnûmer | 32969 (tsjerke) [1] 32970 (toer) [2] | |
Webside | ||
PKN-gemeente Ruinen | ||
Kaart | ||
Skiednis
bewurkje seksjeDe Marijetsjerke waard oarspronklik om 1140 hinne boud en wijd oan Us-Leaffrou as ûnderdiel fan it alderearste kleaster yn Drinte, de benediktynske abdij fan Ruinen. Ynearsten wennen der allinne muontsen yn it kleaster, mar yn 'e rin fan 'e tiid waard it in dûbelkleaster en wennen der ek nonnen. Fanwegen de tanimmende drokte yn Ruinen waard besletten it kleaster te ferhûzjen nei De Wyk op it lângoed Dickninge. Tenei tsjinne de kleastertsjerke fan 'e abdij yn Ruinen as parochytsjerke foar it tsjerkefolk. Fan it doedestiidske romaanske kleaster is in oerwulfte romte ûnder de pastory bewarre bleaun.
Yn 'e 14e iuw waard súdeastlik fan 'e tsjerke in oan Katarina wijde kapel oanboud. Tagelyk mei de bou fan in toer waard sûnt 1423 de oarspronklik romaanske tsjerke ferfongen troch in gebou mei in goatysk oansjen. Grutte dielen fan 'e muorren hawwe lykwols noch dowestien, it foar romaanske tsjerken karakteristike boumateriaal.
Nei de reformaasje bleau de namme fan 'e tsjerke itselde. De 15e-iuwske toer hie ynearsten in spits, mar by in stoarm yn 1661 rekke de spits sa bot skeind, dat de toer letter in lantearne as bekroaning krige.
Nei de lêste restauraasje binne nei argeologysk ûndersyk de omtrekken fan it ôfbrutsen koer en de Katarinakapel en Marijekapel markearre. Ek is de omjouwing fan 'e tsjerke opknapt en op it plak fan súdlike Katarinakapel stiet tsjintwurdich in model fan it eardere tsjerkegebou.
Ynterieur
bewurkje seksjeYn 'e tsjerke stiet in iken preekstoel mei doopstek út 1660. Yn 'e dooptún lizze noch in pear âlde grêfsarken. Fierders steane der fjouwer hearebanken yn 'e tsjerke út de 17e iuw. Ut de tiid fan foar de reformaasje is in fresko fan 'e Ferkundiging bewarre bleaun.
Yn 'e toer hingje twa klokken. Ien dêrfan datearret út 1496 en waard getten troch Geart fan Wou. De klok waard yn 'e 19e iuw kocht fan 'e Herfoarme tsjerke fan Noardwâlde. De twadde klok is in moderne klok, dy't yn 1960 in yn 'e Twadde Wrâldkriich foardere klok út 1737 ferfong.
Oargel
bewurkje seksjeIt ienmanualige oargel mei oanhongen pedaal yn in neogoatyske oargelkas datearret út 1901 en waard boud troch Jan Doornbos.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|