Steatssekretaris

(Trochferwiisd fan Steatssiktaris)

In steatssekretaris of steatssiktaris, of ek wol in ûnderminister, is in soarte fan plakferfangend minister. Yn guon lannen, lykas Nederlân, Belgje en Frankryk (secrétaire d'État) hat suver elts ministearje wol ien of mear steatssekretarissen, en meitsje sokke funksjonarissen diel út fan it kabinet. Termen út oare talen dy't op it earste gesicht dúdlik itselde lykje, lykas it Ingelske Secretary of State of it Dútske Staatssekretär, hawwe faak in oare betsjutting.

Yn it Feriene Keninkryk is Secretary of State in synonym foar 'minister'. Yn 'e Feriene Steaten wurdt dêrmei spesifyk de minister fan Bûtenlânske Saken oanjûn. By de Hillige Stoel draacht de heechste bestjoerder ûnder de paus dizze titel. Yn Dútslân wie Staatssekretär oant 1919 de titel fan 'e lieder fan in ministearje (Reichsamt). Sûnt wurdt der in soarte fan ûnderminister mei oanjûn, dy't lykwols oars as yn Nederlân net ta it kabinet heart. Sûnt 1969 wurdt der boppedat ûnderskie makke tusken 'gewoane' steatssekretarissen en Parlamentarische Staatssekretäre, wêrby't de leden fan dy lêste kategory lid wêze moatte fan it parlemint. Fierders wurdt deselde titel yn Dútslân betiizjend genôch ek wol brûkt foar beskaat topamtners.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.