Undertitel

(Trochferwiisd fan Ûndertitel)

In ûndertitel (net te betiizjen mei ûndertiteling) is in oanfolling dy't tafoege wurdt oan 'e titel fan in boek of in film. Dêrby is de titel meastal koarter en/of ûndúdliker, en de ûndertitel langer en/of omskriuwender. Titel en ûndertitel wurde dan faninoar skaat troch in dûbele punt (:) of in lizzend streekje (–), en yn it ferline ek wol troch it wurd "of".

In goed foarbyld is it boek: Rites of Peace: The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna, fan 'e Britske histoarikus Adam Zamoyski. Dêrby is de titel Rites of Peace ("Fredesrituëlen"), dat net in protte oer de ynhâld fan it boek seit, mar dochs moai klinkt. De omskriuwing fan 'e ynhâld folget yn 'e ûndertitel: The Fall of Napoleon and the Congress of Vienna ("De Fal fan Napoleon en it Kongres fan Wenen), wat de lêzer ferteld dat it giet oer de ein fan it bewâld fan Napoleon Bonaparte en de fredesbesprekkings yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen oan 'e ein fan 'e Napoleontyske Oarloggen.

In bekend foarbyld fan in ûndertitel út 'e literatuer is it opskrift fan 'e horrorroman Frankenstein; or, The Modern Prometheus, fan Mary Shelley. Dêrby joech de skriuwster in hint oer de ynhâld fan it boek troch yn 'e ûndertitel te ferwizen nei de titaan Prometeus út 'e Grykske mytology. In foarbyld út 'e filmyndustry is de science fiction-film Star Trek II: The Wrath of Khan. Dêrby jout de eigentlike titel dus inkeld oan dat it de twadde film út 'e filmrige fan Star Trek is, en omfettet de ûndertitel, The Wrath of Khan ("De Grime fan Khan"), de eigentlike namme fan 'e film.

De ferneamde Ingelske toanielskriuwer William Shakespeare libbe yn in tiid dat ûndertitels foar toanielstikken tige yn 'e moade wiene. Lykwols brûkte er se sels nea, op ien kear nei, doe't er der in parody fan makke. Oan 'e titel fan syn stik Trijekeningejûn (Ingelsk: Twelfth Night) foege er as ûndertitel it mei opsetsin ûnynformative or: Wat You Will ("of: Wat Jo Mar Wolle") ta, wêrmei't er ymplisearre dat de ûndertitel wêze koe wat de lêzer mar woe dat it wie.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.