William Shakespeare
William Shakespeare (Stratford-upon-Avon, doopt 26 april 1564 – dêre, 23 april 1616) wie in Ingelsk toanielskriuwer, dichter en akteur, dy't rûnom beskôge wurdt as de grutste skriuwer út 'e Ingelske literatuer, net inkeld fan syn eigen Elizabetaanske Tiid, mar fan alle tiden. Hy wurdt gauris Ingelâns nasjonale dichter neamd, en de "Bard fan Avon". Syn oeuvre, dat bestiet út 38 (oerlevere) toanielstikken (guon yn gearwurking mei oare skriuwers), 154 sonnetten en 4 oare gedichten, hat yn it ferline oer de hiele wrâld in ûnbidige ynfloed útoefene op 'e literatuer fan oare talen, en docht dat ek hjoed de dei noch altiten. As toanielskriuwer skoep Shakespeare net allinnich krêftige trageedzjes, lykas Hamlet, Kening Lear, Macbeth en Otello, mar ek guon fan 'e meast oansteklike komeedzjes dy't ea ferskynd binne, lykas Folle Spul om Neat, Leafde's Lêst Net Leanne en Trijekeningejûn. Syn stikken binne oerset yn frijwol eltse wichtige taal, en wurde mear opfierd as dy fan lykfol hokker oar toanielskriuwer. As dichter lei it yn Shakespeare syn jefte om boppe it ferheljende út te stekken, en sa it goed en kwea fan 'e minsklike natuer te beskriuwen. Sadwaande wurde guon fan syn gedichten op harsels al sjoen as hichtepunten fan 'e Ingelske literatuer. Nei alle gedachten hat Shakespeare syn measte wurk skreaun tusken 1585 en 1610, al binne de krekte datearrings en gronology fan syn toanielstikken, noch syn gedichten persiis bekend.
William Shakespeare | ||
skriuwer | ||
W. Shakepeare, gravuere fan Martin Droeshout | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | William Shakespeare | |
nasjonaliteit | Ingelsk | |
berne | 26 april 1564 (doopt) | |
berteplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
stoarn | 23 april 1616 | |
stjerplak | Stratford-upon-Avon (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | toaniel, poëzij | |
perioade | Elizabetaanske Tiid | |
bekendste wurk(en) |
Hamlet Kening Lear Macbeth Otello Romeo en Julia | |
jierren aktyf | 1585 – 1610 | |
offisjele webside | ||
www.shakespeare.org.uk |
Libben
bewurkje seksjeIere Jierren
bewurkje seksjeWilliam Shakespeare waard yn 1564 berne yn Stratford-upon-Avon, yn it greefskip Warwickshire, yn súdwestlik Ingelân, as de soan fan 'e moffemakker, wolkeapman en wethâlder John Shakespeare (±1531-1601), en fan dy syn frou Mary Arden (±1537-1608), dy't út in âld foaroansteand laach skaaide. Shakespeare waard doopt op 26 april, en hoewol't syn eigentlike bertedatum ûnbekend is, giet men der gauris fan út dat er op 23 april 1564 te wrâld kommen is. Dy datum, dy't berêst op in flater fan in achttjinde-iuwsk wittenskipper, sprekt Shakespeare syn biografen tige oan, mei't de grutte toanielskriuwer ek op 23 april stoarn is. Shakespeare groeide op as it trêde bern en de âldste soan yn in gesin mei acht bern. Hoewol't der frijwol neat oer syn bernetiid en jonkheid bekend is, bestiet der ûnder syn biografen in konsensus dat er foar 't neist lêzen en skriuwen learde op 'e King's New School yn Stratford, in frije skoalle dy't yn 1553 oprjochte wie.
Ein novimber 1582, doe't er achttjin jier wie, troude Shakespeare mei de doe 26- of 27-jierrige Anne Hathaway (1555/1556-1623). Dy hie doe al wetter yn 'e kelder, en harren dochter Susanna (1583-1649) waard seis moanne nei de brulloft berne. Oardel jier letter kamen harren oare beide bern te wrâld, de twilling Hamnet (1585-1596) en Judith (1585-1662). Hamnet soe mar alve jier wurde; hy stoar yn 1596 ûnder in útbraak fan 'e bûdepest yn Stratford. De fraach oft en sa ja, hoe't it ferstjerren fan syn soan Shakespeare syn wurk beynfloede hat, binne hiele boeken oer fol skreaun.
Nei de berte fan 'e twilling liket Shakespeare oant syn ferskinen yn literêre rûnten te Londen, yn 1592, yn 'e skiednis frijwol gjin spoaren neilitten te hawwen, útsein in rjochtsaak út 1588 dêr't er op 'e iene of oare manear yn behelle wie, mei't syn namme yn 'e argyfstikken foarkomt. Histoarisy neame de snuorje tusken 1585 en 1592 wol "Shakepeare syn ferlerne jierren". Guon biografen besykje dy leechte op te foljen mei apokrife teltsjes dêr't nei alle gedachten neat fan oan is. Sa soe Shakespeare Stratford ûntflechte wêze om te ûntkommen oan syn berjochting foar it streupen fan guon harten op it lân fan 'e Stratforder jonker Thomas Lucy. Ek soe Shakespeare letter wraak nommen hawwe op Lucy troch in skabeljeuze ballade oer de man te skriuwen. In trêde ferhaal dat wierskynlik út 'e achttjinde iuw datearret, is dat Shakespeare syn toanielkarriêre begûn wêze soe as fersoarger fan 'e hynders fan 'e rike Londenske teäterbesikers.
Toanielkarriêre yn Londen
bewurkje seksjeIt is net bekend wannear't Shakespeare nei Londen ta ferfear of wannear't er toanielstikken begûn te skriuwen, mar út histoaryske dokuminten docht bliken dat ferskate fan syn stikken yn 1592 opfierd waarden. Hy wie doe boppedat al bekendernôch om troch syn kollega-toanielskriuwer Robert Greene foar gek set te wurden yn dy syn Groats-Worth of Wit. Yn 1594, doe't de Lord Chamberlain's Men oprjochte waarden, kocht Shakespeare in oandiel yn dat toanielselskip, en fan dy tiid ôf waarden syn stikken inkeld noch troch de Lord Chamberlain's Men opfierd. Meitiid ûntjoech dat selskip him ta ien fan 'e meast foaroansteande fan Ingelân, en nei it ferstjerren fan keninginne Elizabeth I, yn 1603, krige it de nije kening Jakobus I ta patroan, sadat de namme feroare waard ta de King's Men.
Shakespeare woeks út ta in ferneamd skriuwer en akteur, dy't net inkeld mei-eigner fan syn toanielselskip wie, mar ek fan it nij boude Globe Theatre (1599), oan 'e súdkant fan 'e Teems, wylst er yn 1608 mei de oare leden fan 'e King's Men boppedat it Blackfriars Theatre oernaam. Dokuminten wêryn't Shakespeare syn oankeapen fan ûnreplik guod fêstlein binne, litte sjen dat syn súkses him ta in ryk man makke hie. Sa kocht er yn 1597 it op ien nei grutste hûs fan Stratford, dat fan New Place hiet en dat sûnt ûnskiedber mei him ferbûn is. Tsjin 1598 wied er sa bekend wurden dat útjouwers syn namme begûnen te fermelden op 'e foarsiden fan printingen fan syn toanielstikken (de namme fan 'e skriuwer waard doedestiden yn 'e regel weilitten).
Shakespeare ferdielde syn tiid tusken Londen en Stratford-upon-Avon, en fan it ferhaal dat hy en syn frou faninoar ferfrjemde rekken (of dat er hat nea lije mocht hie en inkeld mei har troud wie om't er in bern by har oanset hie) is wierskynlik neat fan oan. Yn Londen hold Shakespeare yn 1596 ta yn 'e parochy St. Helen's, yn Bishopsgate. Yn 1599 ferhuze er oer de rivier nei Southwark, wierskynlik om tichter by it Globe Theatre te wenjen. Tsjin 1604 wenne er wer benoarden de Teems, yn in djoere wyk deunby de Sint-Pauluskatedraal.
Lettere jierren en ferstjerren
bewurkje seksjeMen is fan tinken dat Shakespeare syn karriêre as akteur (benammentlik fan byrollen) om 1605 hinne op syn ein rûn. Neffens de tradysje joech er om 1611 hinne ek syn karriêre as toanielskriuwer deroan, en loek er him werom yn syn wente yn Stratford. It is net alhiel wis oft it wol krekt sa gien is, mar by brekme oan bewiis fan it tsjindiel wurdt it faak foar wier oannommen. It docht yn dit ferbân ta de saak om te fernijen dat de skouboargen fan Londen gauris sletten waarden as der wer in útbraak fan 'e pest wie; tusken maaie 1603 en febrewaris 1610 bedroegen de slutings mei-inoar mar leafst 60 moannen. Dat betsjutte fansels dat der faak gjin wurk wie foar akteurs en toanielskriuwers, en sûnder wurk gjin ynkommen, dat it wie alhiel net ûngewoan foar lju út 'e toanielwrâld om op te hâlden of oar wurk te sykjen. Yn elts gefal skreau Shakespeare nei 1610 minder as foarhinne. Syn lêste trije stikken wiene gearwurkings mei in oare skriuwer, wierskynlik John Fletcher, en gjin inkeld wurk fan him kin datearre wurde nei 1613.
Shakespeare kaam op 23 april 1616 te ferstjerren. Hy wie doe 52 jier. De deadsoarsaak is ûnbekend. Hy waard twa dagen letter begroeven yn 'e Tsjerke fan de Hillige Trije-ienheid te Stratford-upon-Avon. Frijwol al syn besittings hied er fermakke oan syn âldste dochter Susanna en har man John Hall. De reden dat syn jongste dochter Judith neat krige, wie foar 't neist om't Shakespeare har man Thomas Quiney, dy't in liddichgonger wie, net mei syn beërf fertroude. Oan syn frou Anne Hathaway liet Shakespeare beruchterwize inkeld syn op ien nei bêste bêd mei byhearrend meubilêr nei. Dat is gauris opfette as in opsetlike mislediging, en hat hiel wat trelit feroarsake ûnder Shakespeare-kenners. It is lykwols ek oppenearre dat it de bedoeling wie dat de bern nei Shakespeare syn dea foar harren mem soargje soene, wat yn dy tiid in frij gewoane regeling wie, en dat it "op ien nei bêste bêd" Shakespeare en Hathaway harren houliksbêd wie, mei't it yn 'e Elizabetaanske Tiid wenst wie om it bêste bêd te reservearjen foar útfanhûzers. Sa besjoen soe it testamint hielendal gjin mislediging foar Hathaway wêze. Boppedat binne der oanwizings dat Hathaway fan harsels finansjeel ûnder de pannen wie, en gjin beërf fan har man nedich wie.
Wurk
bewurkje seksjeYn totaal skreau Shakespeare 12 trageedzjes; 10 histoaryske stikken (dy't eins ek trageedzjes binne); 18 komeedzjes (wêrfan't der twa ferlern gien binne); 154 sonnetten; en 4 oare gedichten. It is net ûnmooglik (of miskien is it ynstee sels wol wierskynlik te neamen) dat er mear skreaun hat, mar oangeande boppesteand oeuvre bestiet der ûnder saakkundigen in konsensus dat hy de skriuwer wie. Nei syn dea stelden John Heminges en Henry Condell, dy't allebeide lid fan 'e King's Men wiene, yn 1623 de saneamde First Folio gear, dêr't 36 fan Shakespeare syn toanielstikken yn gearbrocht waarden. Dêrûnder wiene alle stikken dy't tsjintwurdich algemien as troch Shakespeare skreaun akseptearre wurde, útsein Perikles, Prins fan Tyrus, De Twa Aadlike Neven en de beide ferlern giene komeedzjes Kardenio en Leafde's Lêst Al Leanne. Hoewol't achttjin fan 'e stikken al earder útjûn wiene, foarme de opnimming yn 'e First Folio foar de oare achttjin de earste publikaasje. In grut part fan syn gesach ûntlient de samling fierders oan it feit dat it foar likernôch tweintich fan 'e stikken de iennichste betroubere tekstoerlevering is.
Shakespeare syn wurk op kategory
bewurkje seksjeShakespeare syn wurk is sa yn te dielen:
Apokrifa
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Shakespeariaanske apokrifa.
Fierders binne der noch guon oare toanielstikken en gedichten dy't mooglik ek oan Shakespeare taskreaun wurde kinne, mar dêr't de saakkundigen fan miening oer ferskille. Dat binne de saneamde Shakespeariaanske apokrifa.
Toanielstikken
bewurkje seksje
Gedichten
bewurkje seksje
Wurdearring
bewurkje seksjeYn syn eigen tiid hie Shakespeare in protte súkses, en syn wurk waard sûnder mis wurdearre, mar hy waard perfoarst net fereare as de bêste skriuwer dy't ea libbe hie. Yn 'e twadde helte fan 'e santjinde iuw, nei de Restauraasje, wiene klassike ideeën oer de toanielkeusnt yn 'e moade, en hie men net folle mei Shakespeare op, om't er, alteast yn guon fan syn stikken, it tragyske mei it komyske fermong. Yn 'e achttjinde iuw kaam der mear wurdearring foar syn wurk, en tsjin 1800 wied er in Britsk nasjonaal literêr symboal wurden. Pas yn 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw, yn it tiidrek fan 'e Romantyk, wreide syn faam him út oer de rest fan 'e wrâld.
Spekulaasjes oangeande Shakespeare
bewurkje seksjeIdentiteit en Auteurkip
bewurkje seksje- De Wikipedy hat ek in side Shakespeariaansk auteurskipsdebat.
Healwei de njoggentjinde iuw, sa'n 230 jier nei syn dea, waard der foar it earst twifel utere oer de fraach oft Shakespeare de toanielstikken en gedichten dy't oan him taskreaun wurde, wol echt sels skreaun hie. As alternative kandidaten waarden û.o. neamd: de abbekaat, wittenskipper en filosoof sir Francis Bacon; Shakespeare syn kollega-toanielskriuwer en -dichter Christopher Marlowe; en de ealman, dichter en grutkeamerhear Edward de Vere, greve fan Oxford. Teffens binne ferskate groepsteoryen op 't aljemint brocht. Hoewol't de oergrutte mearderheid fan 'e saakkundigen it derop hâldt dat Shakespeare wol deeglik de skriuwer wie, binne troch de jierren hinne de messen hjiroer geregeld slipe.
Godstsjinst
bewurkje seksjeGuon Shakespeare-kenners miene dat de Shakespeare-famylje roomsk west hawwe moat, wat yn it elizabetaanske Ingelân strang ferbean wie. Shakespeare syn mem, Mary Arden, kaam yn alle gefallen út in tige fromme roomske famylje. It sterkste bewiis is ditoangeande lykwols in dokumint dat dat troch John Shakespeare, de heit fan 'e grutte toanielskriuwer, ûndertekene wie, en dêr't er yn ûnthiet om yn syn hert roomsk te bliuwen. It waard yn 1757 ûntdutsen mank de dakspjirren fan John syn hûs oan Henley Street yn Stratford-upon-Avon, en hoewol't it neitiid weirekke is, kaam der yn 'e tweintichste iuw fan 'e tekst in tige gelikense kopy oan it ljocht, dêr't út bliek dat it orizjineel hiel wierskynlik echt wie. Dizze ûntdekking hat ta in hiele nije rige spekulaasjes laat oangeande de fraach oft William fan syn heite leauwensopfettings ôfwist (wierskynlik wol) en hoe't dat spoaren yn syn wurk neilitten hat.
Seksualiteit
bewurkje seksjeOer William Shakespeare syn seksualiteit is suver neat bekend. Hoewol't er troud wie en trije bern hie, miene inkele saakkundigen út syn Sonnetten, dy't se as autobiografysk beskôgje, opmeitsje te kinnen dat er homoseksueel of biseksueel west hawwe moat. Oaren sjogge dizze gedichten as net autobiografysk, of lêze der inkeld in tigen freonskip yn, ynstee fan homoseksuële leafde. De 26 sonnetten oan 'e saneamde Dûnkere Frouwe, in troude frou, wurde ek wol as bewiis oanhelle foar Shakespeare syn ûnderstelde bûtenechtlike eskapades. It is wichtich om der op te wizen dat dit allegear teoryen binne dy't net troch objektyf bewiismateriaal ûnderstipe wurde.
Keppelings om utens
bewurkje seksje- (in) Offisjele webside fan 'e Shakespeare Birthplace Trust
- (in) Wurk fan Shakespeare op Wikisource
- (in) British Library; 93 orizjinele kopieën yn kwarto
- (in) Internet Shakespeare Edition: teksten en faksimilees fan orzjinele útjeften
- (in) eBooks@Adelaide
- (in) Shakespeare's sonnetten yn Nederlânske oersetting
- (in) Alde Shakespeare ferfilmings
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|