Tomas fan Woodstock (toanielstik)
Tomas fan Woodstock, yn it Ingelsk: Thomas of Woodstock (inkeld ek wol Richard II, Diel 1 neamd), is in Ingelsk toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid. It is inkeld oerlevere yn 'e foarm fan in anonym en nammeleas manuskript (MS. Egerton 1994), dat op 'e noed is fan it Britsk Museum. Yn Tomas fan Woodstock wurde de foarfallen út it regear fan 'e Ingelske kening Richard II (reg. 1377-1399) behannele, dy't laten ta de moard op 'e omke fan 'e kening, Tomas fan Woodstock, de hartoch fan Gloucester, yn 1397. Der wurdt gauris fan útgien dat it stik sterk beynfloede is troch de Shakespeariaanske keningsstikken Richard II en Hindrik IV, Diel 1 en Diel 2. Tomas fan Woodstock bestie inkeld as in anonym en ûnfolslein manuskript sûnder titel yn it besit fan 'e British Library, oant de tekst yn 1929 útjûn waard troch de Malone Society.
Tomas fan Woodstock | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Thomas of Woodstock | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1582-1610 | |
1e publikaasje | 1929, Londen | |
oarspr. útjwr. | Malone Society |
Auteurskip en datearring
bewurkje seksjeGuon saakkundigen hawwe Tomas fan Woodstock taskreaun oan 'e William Shakespeare, en sadwaande wurdt it ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene, mar oer dy taskriuwing binne de mienings yn akademyske fermiddens djip ferdield, mei party wittenskippers dy't it suver wis achtsje dat Shakespeare alteast by it skriuwen fan it stik belutsen wie, wylst oaren dêr neat fan witte wolle. In wichtich argumint tsjin Shakespeariaansk auteurskip is dat yn Tomas fan Woodstock, dat yn 'e histoaryske gronology fan 'e Shakespeariaanske keningsstikken foàr Richard II falle soe, sir Henry Green sneuvelet yn akte V, wylst dyselde oan it begjin fan Richard II wer libbet oant er yn akte III op befel fan Hindrik IV terjochtsteld wurdt. As Tomas fan Woodstock al in toanielstik fan Shakespeare is, soe dit yn syn hiele oeuvre it iennichste foarbyld wêze fan immen dy't twaris stjert.
Ek oer de fraach wannear't Tomas fan Woodstock skreaun is, rinne de mienings útinoar: it is datearre omtrint 1582, tusken 1591 en 1595, en yn it earste desennium fan 'e santjinde iuw. Fanwegen it feit dat de oarspronklike titel ûnbekend is, bestiet der gjin bewiis dat it stik ea opfierd is. Lykwols wize de fersliten steat fan it manuskript en de oanwêzigens fan yn 'e marzje delkwattele oantekens oangeande de nammen fan spesifike akteurs en ynstruksjes troch de doetiidske sinsuer derop dat Tomas fan Woodstock ûnder it regear fan Jakobus I grif ferskate kearen op 'e planken brocht wêze moat.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |