Fryske Shakespeare Stifting
De Fryske Shakespeare Stifting wie in te Drachten fêstige frijwilligersorganisaasje en gelegenheidsútjouwerij. Hy waard oprjochte nei de tragyske dea fan oersetter Douwe Kalma, by in auto-ûngemak yn 1953, om 'e útjefte te fersoargjen fan Kalma syn fertalings yn it Frysk fan 'e toanielstikken en poëzij fan 'e wiidferneamde elizabetaanske Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare.
Fryske Shakespeare Stifting | ||
algemiene ynformaasje | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
type org. | stifting | |
wurkmêd | útjaan fan it wurk fan Shakespeare yn 'e Frysktalige oersetting | |
haadkertier | Drachten (Fryslân) | |
oprjochte | 1953 | |
opdoekt | 1976 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Tusken 1955 en 1976 ferskynden Kalma syn oersettings ûnder de titel Shakespeare's Wurk yn acht mânske dielen, dy't Shakespeare syn hiele oeuvre omfetten ynsafier't dat doe bekend wie (it stik De Twa Aadlike Neven, dêr't pas frij resint fan fêst kommen is te stean dat it fan Shakespeare is, ûntbrekt yn dizze samling). Diel I o/m III beslane de Shakespeariaanske komeedzjes; diel IV omfettet de lêste komeedzjes en de earste fan 'e Shakespeariaanske histoaryske of keningsstikken; diel V beslacht de oare keningsstikken; diel VI en VII binne opmakke út 'e Shakespeariaanske trageedzjes; en yn diel VIII binne de lêste trageedzjes gearbrocht mei de Shakespeariaanske poëzij. De ôfsûnderlike dielen wiene net los te krijen; men moast jin ynskriuwe foar de hiele rige.
Yndieling fan Shakespeare's Wurk
bewurkje seksje(Foar it doel fan dit artikel binne de titels oan 'e hjoeddeiske stavering oanpast; de oarspronklike titels kinne yn 'e boarnefernijing ûnderoan dizze side fûn wurde.)
- 1956: Diel I: Komeedzjes (werútjûn yn 2007, troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân, ûnder de titel: Trije Komeedzjes)
- 1956: In Komeedzje Fol Fersinnen
- 1956: Leafde's Lêst Net Leanne
- 1956: De Twa Eallju fan Verona
- 1959: Diel II: Komeedzjes
- 1959: De Fekke Nuet
- 1959: De Keapman fan Feneesje
- 1959: In Midsimmernachtdream (earder apart útjûn yn 1949)
- 1962: Diel III: Komeedzjes
- 1962: Ein Goed, Alles Goed
- 1962: De Fleurige Wyfkes
- 1962: Folle Spul om Neat
- 1962: Lyk om Lyk
- 1962: Nei Jim Beleavjen
- 1962: Trijekeningejûn
- 1963: Diel IV: Lette Komeedzjes en Keningsstikken
- 1963: Hindrik VI, Diel 1
- 1963: Hindrik VI, Diel 2
- 1963: Hindrik VI, Diel 3
- 1963: Richard III
- 1963: De Stoarm
- 1963: It Winterjûnsteltsje
- 1965: Diel V: Keningsstikken
- 1965: Hindrik IV, Diel 1
- 1965: Hindrik IV, Diel 2
- 1965: Hindrik V
- 1965: Hindrik VIII
- 1965: Kening Jan
- 1965: Richard II
- 1966: Diel VI: Trageedzjes
- 1966: Hamlet
- 1966: Julius Caesar
- 1966: Romeo en Julia
- 1966: Titus Androanikus
- 1966: Troilus en Kressida
- 1969: Diel VII: Trageedzjes
- 1969: Antonius en Kleopatra
- 1969: Kening Lear (werútjûn yn 2003 troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân)
- 1969: Macbeth (earder apart útjûn yn 1932)
- 1969: Otello
- 1969: Timon fan Atene
- 1976: Diel VIII: Trageedzjes, Ien Komeedzje en Poëzij
- 1976: De Feniks en de Toartel
- 1976: Fenus en Adoanis
- 1976: De Klaachsang fan in Minneresse
- 1976: Koriolanus
- 1976: Perikles, Prins fan Tyrus
- 1976: De Rôf fan Lukresia
- 1976: Symbelinus
- 1976: Sonnetten (earder apart útjûn yn 1944; werútjûn yn 2005 troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|