Sil Ik Stjerre
Sil Ik Stjerre, yn it Ingelsk: Shall I Die, is in út njoggen kûpletten besteand lyrysk leafdesgedicht dat yn in manuskriptebondel dy't wierskynlik datearret út 'e twadde helte fan 'e 1630-er jierren taskreaun wurdt oan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Sadwaande wurdt it ta de saneamde Shakespeariaanske apokrifa rekkene. De ûndersiker Gary Taylor fêstige dêr yn 1985 de oandacht op, wat late ta in wiidweidich wittenskiplik debat oer de mooglikheid dat it yn dit gefal wier-wier om wurk fan Shakespeare gean soe. De taskriuwing wurdt oer it algemien lykwols ôfwiisd of op syn bêst as ûnwis beskôge.
Sil Ik Stjerre | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Shall I Die | |
auteur | William Shakespeare? | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | lyrysk gedicht | |
skreaun | 1??? | |
1e publikaasje | 1985 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |