In Komeedzje Fol Fersinnen
In Komeedzje Fol Fersinnen, yn it oarspronklike Ingelsk: The Comedy of Errors, is in toanielstik fan 'e hân fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. It is ien fan syn ierste en teffens kluchtichste stikken, dêr't in grut part fan 'e humor yn fersoarge wurdt troch slapstick en fersin fan identiteit. The Comedy of Errors fertelt it ferhaal fan twa pear ieneiïge twillingen dy't koart nei har berte ûnbedoeld útinoar helle binne. As it iene pear tafalligerwize it wenplak fan it oare pear besiket en dêr yn kontakt komt mei famylje en goekunde fan dat oare pear, liedt dat ta in rige wylde fersinnen dy't útrinne op mear as ien ferkeard útdield wan bruien, in mei in skamper ôfrûne ferlieding, in foute arrestaasje en falske beskuldigings fan ûntrou, stellerij, sljochtsinnigens en demoanyske besettenens. Men is fan tinken dat de komeedzje skreaun wêze moat yn 'e perioade 1589-1595. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma datearret fan 1956, en waard yn 2007 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer, yn ien bân mei twa oare komeedzjes fan Shakespeare.
In Komeedzje Fol Fersinnen | ||
De Fryske oersetting fan Douwe Kalma, yn 2007 yn 'e mande mei de oersettings fan Leafde's Lêst Net Leanne en De Twa Eallju fan Verona werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer y.g.m. ELF. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Comedy of Errors | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | ±1589-95 | |
1e publikaasje | 1623, Londen | |
bondel | First Folio | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | In Komeedzje Fol Fersinnen | |
publikaasje | 1956, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Eftergrûn
bewurkje seksjeThe Comedy of Errors waard foar it earst publisearre yn 'e First Folio fan 1623, mar de ferwizings yn it stik nei de súksesjeoarloch yn Frankryk meitsje dúdlik dat it tusken 1589 en 1595 skreaun wêze moat. De earste opfiering fûn wierskynlik plak op 28 desimber 1594 yn 'e Gray's Inn te Londen; saakkundige Charles Whitworth hâldt yn syn werútjefte fan it stik út dat it ûntstien is yn 'e lêste helte fan dat jier. The Comedy of Errors is net inkeld ien fan 'e ierste en kluchtichste, mar ek it koartste toanielstik fan Shakespeare. Nei gedachten bedoelde er it as syn "masterstik", dêr't er mei oantoane woe dat er de klassike komeedzjes en harren skriuwers oertreffe koe; dat sil der ek de reden fan wêze dat it ien fan syn strakst strukturearre stikken is, dat yn tsjinstelling ta it hast al syn oare wurk de klassike ienheden fan tiid en plak respektearret. Dêrtroch fynt alle aksje op ien beskate lokaasje en binnen de doer fan in pearen oeren tiid plak. The Comedy of Errors is grutdiels basearre op 'e Menaechmi fan Plautus, al foege Shakespeare der in stikmannich eigen eleminten oan ta.
Ynhâld
bewurkje seksjeFanwegen in wet dy't de oanwêzigens fan Syrakusyske hannelslju yn Efeze ferbiedt, wachtet de âlde Syrakusyske keapman Egeon de deastraf as er yn dy stêd oppakt wurdt. Hy kin inkeld it fege liif derôf rêde troch in hege boete te beteljen. Hy fertelt syn drôve ferhaal oan 'e Efezyske hartoch Solinus. Yn syn jonkheid wied er troud en hied er twa twillingsoannen; foar harren kocht er fan in earme frou twa oare twillingjonkjes om syn eigen soannen ta tsjinners te wêzen. Koarte tiid letter litte er mei syn gesin skipbrek. Syn frou gie mei ien jonkje fan eltse twilling yn ien sloep en hysels mei de oare beide yn 'e oare. Dat wie it lêste wat er seach fan syn frou en de bern dy't se by har hie. Koartby binne Egeon syn soan, Antipholus fan Syrakuse, en dy syn feint, Dromio fan Syrakuse, ôfset om harren ferlerne bruorren te sykjen. Doe't se net werkamen, is Egeon har efternei reizge. De hartoch, dy't oandien is troch it ferhaal, jout Egeon ien dei om oan 'e boete te foldwaan.
Dyseldichste deis komt Antipholus fan Syrakuse oan yn Efeze, op 'e siik nei syn broer. Hy stjoert syn feint Dromio fan Syrakuse om in keamer te besprekken yn in herberge, mar is alhiel ferstuivere as suver daliks Dromio fan Efeze ferskynt, dy't neat ôfwit fan in herberge, mar syn master oantrunet om op hûs oan, om't syn frou op him sit te wachtsjen. Antipholus, dy't mient dat Dromio ûnfoege grappen makket, jout him in wan bruien. Dêrop keart Dromio fan Efeze werom nei syn masteresse, Adriana, dy't er trochdocht dat har man net thúskomme woe en sels bearde dat er noch nea fan har heard hie. Adriana, dy't der dochs al oer yn sit oft har man har wol trou is, fettet dat op as in bewiis dat har slimste eangstme wierheid wurden is.
Underwilens komt Dromio fan Syrakuse wer werom by Antipholus fan Syrakuse en ûntkent dan ea in grap makke te hawwen oer dat Antipholus in frou hawwe soe. Antipholus sil him dan in pak op 'e bealch jaan, mar ear't er dat dwaan kin, ferskynt Adriana, dy't him smeket har net te ferlitten. Mei't Efeze derom bekend stiet dat it in stêd fan heksen is, skriuwt Antipholus dizze frjemde barrens ta oan hekserij. Om it minske del te bêdzjen, liket it him de baas en bring har thús. Dêr oankommen, brûkt er it miel mei har, wylst Dromio fan Syrakuse as doarwarder fungearret. Dan komt Antipholus fan Efeze thús foar it jimmet, mar wurdt him troch Dromio fan Syrakuse de tagong ta syn eigen hûs wegere. Hy stiet op it punt om 'e doar yn te wâdzjen, mar syn freonen ûntprate him dat en by beslút om ynstee by in koertisane te iten.
Binnendoar fielt Antipholus fan Syrakuse him ûnderwilens tige oanlutsen troch Adriana har suster, Luciana. Dy is flaaike troch syn oandacht, mar fielt der neat foar om har eigen suster te bedragen. Dromio fan Syrakuse is derefter kommen dat hysels ek troud is, mei de modderfette kokenfaam Nell. De beide Syrakusiërs beslute om sa gau mooglik út te piken. Neitiid wurdt Antipholus oanholden troch de goudsmid Angelo, dy't beweart dat er in gouden keatling by him besteld hat. Hy twingt Antipholus it sieraad oan te nimmen; Angelo jout oan dat er letter wol om it jild komme sil.
Antipholus fan Efeze stjoert Dromio fan Efeze derop út om in tou te keapjen dêr't er syn frou Adriana mei hoffenje kin om't se him bûtensletten hat. Hysels wurdt oansprutsen troch de goudsmid Angelo, dy't no jild sjen wol foar it keatling. Antipholus ûntkent dat er it ding ea ûnder eagen krigen hat en wurdt dêrop daliks arrestearre foar tsjeafte. Op it stuit dat er fuortlaat wurdt, komt tafallich Dromio fan Syrakuse foarby, dy't Antipholus dan nei Adriana ta stjoerd om jild foar syn boarchtocht te heljen. Mar nei't er dy opdracht folbrocht hat, leveret Dromio it jild by fersin ôf oan Antipholus fan Syrakuse.
Antipholus fan Efeze syn koertisane sjocht Antipholus fan Syrakuse mei it gouden keatling omrinnen en sprekt him oan om it him yn 't sin te bringen dat er it har ûnthjitten hat. De beide Syrakusiërs ûntkenne dat en naaie út. De koertisane beslút dan Adriana te fertellen dat har man gek wurden is. Underwilens keart Dromio fan Efeze by de oppakte Antipholus fan Efeze werom mei it tou dat er keapje moast. Antipholus, dy't ynstee it boarchjild hawwe wol, is poermâl. Dan komme Adriana, Luciana en de koertisane op mei de tsjoender Pinch; de beide Efeziërs wurde oermastere en fêstbûn, wylst Pinch harren duvels besiket út te driuwen. De Syrakusiërs ferskine dêrop mei ûntbleate swurden yn 'e hân, sadat de froulju útnaaie om't hja miene dat it de Efeziërs binne dy't losrekke binne en no wraak nimme wolle. Adriana ropt gau wat gewante keardels byinoar, dy't dan besykje om 'e Syrakusiërs te oermasterjen, mar dy flechtsje in abdij yn dêr't de abdisse harren rislút beskermet.
Dêrop komme de hartoch en Egeon op, dy't ûnderweis binne nei de keapman syn terjochtstelling. Adriana smeket de hartoch om 'e abdisse te twingen har man oan har oer te dragen. Op datselde stuit arrivearret der in boadskipper by Adriana har hûs wei dy't fertelt dat Antipholus en Dromio (de Efeziërs) losbrutsen binne en de tsjoender Pinch oan it mishanneljen binne. De Efeziërs komme fuort nei de boadskipper oan en freegje de hartoch om rjochtdei te hâlden oer Adriana. Egeon mient dat er syn soan, Antipholus fan Syrakuse, fûn hat, dy't syn boete grif foar him betelje sil, mar Antipholus fan Efeze ûntkent dat er Egeon ea earder sjoen hat.
Ynienen komt de abdisse op mei de Syrakusiërs, en dan begjint eltsenien te begripen wat der oan 'e hân is. Net allinne wurde de faninoar skate twillingen weriene, mar de abdisse fertelt dat sy Egeon syn frou, Emilia, is. De hartoch ferlient Egeon graasje en se geane mei har allen de abdij yn om 'e weriening fan harren famylje te fieren.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeDe Fryske oersetting fan The Comedy of Errors, fan Douwe Kalma, ferskynde yn 1956 as ûnderdiel fan Shakespeare's Wurk Dl. I, ien fan 'e omnibusútjeften fan 'e Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, ûnder de titel In Komeedzje Fol Fersinnen. Nei't er omstavere en by de tiid brocht wie troch Eric Hoekstra, waard dyseldichste tekst yn 2007 werútjûn troch Utjouwerij Bornmeer yn gearwurking mei de Stifting Elektroanyske Letteren Fryslân en mei stipe fan 'e provinsje Fryslân en de Douwe Kalma Stifting, yn ien kaft mei twa oare komeedzjes fan Shakespeare, Leafde's Lêst Net Leanne en De Twa Eallju fan Verona, ûnder de titel fan Trije Komeedzjes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |