Edmund Izerkant (toanielstik)
Edmund Izerkant, yn it Ingelsk: Edmund Ironside (folút eins: Edmund Ironside, or: War Hath Made All Friends, "Edmund Izerkant, of Oarloch Hat in Elk ta Freon Makke"), is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat basearre is op it bewâld fan 'e Ingelske kening Edmund II, byneamd Edmund Izerkant, dy't koart regearre yn it jier 1016. It stik waard yn 'e Elizabetaanske Tiid nea publisearre en it is ûnwis wannear't it skreaun is, mar literêr histoarikus Eric Sams datearret it yn 1587. It iennichst bekende manuskript is op 'e noed fan it Britsk Museum.
Edmund Izerkant | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Edmund Ironside | |
auteur | William Shakespeare? | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | trageedzje | |
skreaun | 1587? | |
1e opfiering | ±1590 |
Shakespeariaansk auteurskip
bewurkje seksjeTeminsten trije saakkundigen, Sams, Peter Ackroyd en E.B. Everitt, wolle hawwe dat Edmund Izerkant in ier — of miskien wol it ierste — wurk fan 'e grutte toanielskriuwer en dichter William Shakespeare is, dêrby wizend op sterke gelikenissen mei Titus Androanikus, wêrfan't fêststiet dat it in iere Shakespeariaanske trageedzje is. Edmund Izerkant wurdt sadwaande ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene.
Ynhâld
bewurkje seksjeKnút de Grutte (in Ingelsk kening út it Deenske Hûs fan de Knútlingen dy't regearre fan 1016 oant 1035) hat te krijen mei in opstân fan 'e lânseigen Angelsaksyske befolking, ûnder lieding fan Edmund Izerkant. Sûnder dat se it witte, hawwe se lykwols in mienskiplike fijân, in ferriedlik ealman dy't fan Edricus hjit, en dy't fan doel is en gryp de kroan foar himsels.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|