Kardenio
Kardenio, yn it Ingelsk: Cardenio, en eins folút The History of Cardenio (De Skiednis fan Kardenio), is in ferlern gien toanielstik fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, wêrfan't bekend is dat it yn 1613 yn Londen opfierd is troch The King's Men, it teäterselskip dêr't de grutte toanielskriuwer ta hearde. It is lykwols pas yn 1653 opnommen yn it Stationers' Register, de gesachhawwende útjouwerskatalogus út dy tiid, wêrby't as skriuwers Shakespeare en John Fletcher opjûn waarden. Hoewol't der gjin inkeld as sadanich bekend fragmint fan it stik oerlevere is en de ynhâld dus ûnwis is, wurdt algemien oannommen dat it basearre wie op in episoade út it masterwurk Don Quichot, fan 'e Spaanske skriuwer Miguel de Cervantes, út 1605. Lykwols wurdt ek noch wolris beweard dat Kardenio yn syn gehiel of foar in part oerlevere is ûnder in oare titel; wat dat oanbelanget wurde twa toanielstikken wol neamd: Dûbeld Bedroch en De Twadde Trageedzje fan de Faam.
Kardenio | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Cardenio | |
auteur | William Shakespeare John Fletcher | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | ±1612 | |
1e publikaasje | ? (ferlern gien) | |
1e opfiering | uterlik 1613 |
Cardenio yn Don Quichot
bewurkje seksjeYn Don Quichot komme de doalende ridder en syn skyldfeint Sancho Panza yn it ûnherberchsume berchlân fan 'e Sierra Morena in wyldhierrige healneakene klúzner tsjin, dy't de skriuwer fan in notysjeboek fol treflike poëzij blykt te wêzen. As hja him úteinlik safier krije dat er harren syn ferhaal fertelle wol, docht bliken dat dizze Cardenio in telch is út in rike famylje út Andalúsje, dy't fereale rekke op syn buorfamke Luscinda, mei wa't er opgroeid wie. It wie syn bedoeling om mei har te trouwen, mar foar't dat barre koe, waard er fuortroppen om yn 'e hofhâlding fan hartoch Ricardo te tsjinjen as in selskipsman foar dy syn jongste soan, don Fernando. Dyselde hie in aparte foarleafde foar fammen fan leger maatskiplik komôf en doe't er de lofsangen fan Cardenio oer Luscinda hearde, rekke er fol fan begear foar it fanke. Hy makke Cardenio wiis dat er dy syn heit freegje soe om in houlik tusken Cardenio en Luscinda te beävensearjen, wylst Cardenio sels weromreizge nei hartoch Ricardo, om syn tsjinst yn dy syn hofhâlding te beëinigjen. Mar de ferriedlike don Fernando bewurkmastere it sa dat er sèls mei Luscinda trouwe koe, en doe't Cardenio weromkaam, wie it hiele spul al yn kannen en krûken. Luscinda bewissige him derfan dat se leaver stjerre soe as mei don Fernando te trouwen, mar doe't it derop oankaam, troude se dochs mei him. Cardenio waard doe alhiel sljochtsinnich en naaide út nei de woeste bergen, dêr't er de wyldeagige klúzner waard dy't don Quichot en Sancho dêr letter troffen.
Men giet der algemien fan út dat Shakespeare syn komeedzje Kardenio op 'e boppesteande passaazje basearre wie. Hoewol't Miguel de Cervantes Don Quichot pas yn 1605 skreau, waard it earste part (mei dêrûnder it ferhaal fan Cardenio) al yn 1612 oerset yn it Ingelsk troch Thomas Shelton, en wie it dus beskikber foar Shakespeare en Fletcher.
Oerlevere ûnder in oare namme
bewurkje seksjeMen wol ek wolris hawwe dat Kardenio wol deeglik bewarre bleaun is, mar oerlevere is ûnder in oare namme. Sa bewearde Lewis Theobald yn 1727 dat er trije manuskripten yn 'e hannen krigen hie dy't stammen út 'e tiid fan 'e Restauraasje, en dy't fan ien en itselde toanielstik sûnder titel fan Shakespeare wiene. Hy "ferbettere" se en publisearre it resultearjende stik ûnder de namme Dûbeld Bedroch of: De Oerstjoere Minners (Double Falsehood or: The Distressed Lovers). Dit stik hat de plot fan 'e "Cardenio"-episoade út Don Quichot, en wurdt sadwaande troch guon beskôge as basearre op it ferlerne Kardenio, mar is nea as it stik sels akseptearre yn bredere akademyske fermiddens.
Yn 1990 identifisearre hânskriftekspêr Charles Hamilton, nei't er in manuskript út 1611 bestudearre hie fan it toanielstik De Twadde Trageedzje fan de Faam (The Second Maiden's Tragedy), ornaris taskreaun oan Thomas Middleton, dat as in ferzje fan it missende Kardenio, wêryn't de nammen fan 'e personaazjes feroare binne. Dizze taskriuwing (oan Shakespeare) wurdt lykwols troch saakkundigen fierhinne fersmiten, ek al om't de plot fan it stik yn 'e fierste fierte net liket op 'e "Cardenio"-episoade út Don Quichot (hoewol't in minder wichtige ferhaalline út it stik wol in oar ferhaal út Don Quichot dramatisearret). Guon teäterselsskippen hawwe Hamilton syn taskriuwing as ferlechje brûkt om De Trageedzje fan de Twadde Faam ûnder de titel Kardenio en de tafoeging "It Ferlern Waande Stik fan Shakespeare" mei grut finansjeel súkses op 'e planken te bringen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Further Reading, op dizze side. |