De Sierra Morena is in middelberchtme yn it suden fan Spanje. It berchtme rint fan it easten nei it westen en hat trochsnit hichtes tusken de 800 oant 1000 m.

Sierra Morena
  berchtme
geografy
lân Spanje
sifers
lingte 450 km
breedte 75 km
heechste punt Pico de Bañuelas
hichte 1.332 m
geology
yndieling middelberchtme
âldens 350–250 miljoer jier.

It berchtme ûnstie troch ferskowings yn de ierdkoarste, wêrtroch in diel fan de ierdkoarste omheech drukt waard.

Wyfke fan de Ibearyske lynks yn it Nasjonale park fan de Sierra de Andújar

It berchtme hat in grutte natuerhistoaryske wearde en dielen foarmje in Parque Natural (natuerpark). Dat binne de gebieten Despeñaperros (Jaén), Sierra de Andújar (Jaén), Sierra de Cardeña-Montoro (Kordoba), Sierra de Hornachuelos (Kordoba), Sierra Norte (Sevilla) en Sierra de Aracena (Huelva). It gebiet wurdt bewenne troch de tige seldsume Ibearyske lynks. Njonken de Ibearyske wolf is it berchtme ek it hiem foar de Ibearyske keizerearn.

Yn it berchtme wurde lead, sulver, kwik en in soad oare metalen fûn. It winnen dêrfan hat yn ferline op guon lokaasjes soarge foar de oantaasting fan it milieu.

Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sierra Morena fan Wikimedia Commons.