In Begraffenistreurdicht
In Begraffenistreurdicht, yn it Ingelsk: A Funeral Elegy (eins folút: A Funeral Elegy for Master William Peter), is in lang gedicht út it begjin fan 'e santjinde iuw dêr't fan tocht wurdt dat it miskien skreaun is troch de wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare. Sadwaande wurdt it ta de saneamde Shakespeariaanske apokrifa rekkene. In Begraffenistreurdicht, dat bestiet út 578 dichtregels en likernôch 4600 wurden, waard yn 1612 te Londen útjûn ûnder de titel A Funerall Elegye in Memory of the Late Vertuous Maister William Peeter, en is, sa't de namme al oanjout, in treurdicht dat skreaun is ta gelegenheid fan 'e begraffenis fan in William Peter, dy't in goede freon fan 'e skriuwer wie, sa docht bliken út it byhearrend berjocht oan John Peter, út Bowhay yn Devon, in broer fan 'e ferstoarne.
In Begraffenistreurdicht | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | A Funeral Elegy | |
auteur | William Shakespeare? John Ford? | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | treurdicht | |
skreaun | 1??? | |
1e publikaasje | 1611, Londen |
De skriuwer neamt himsels inkeld "W.S.", mar yn 1989 skreau de forinsysk taalkundige Donald Foster it gedicht op grûn fan in stylometryske kompjûteranalyze, wêrby't de grammatikale patroanen en it idiosynkratysk taaleigen analysearre waarden, ta oan Shakespeare. Foster syn ûndersyk en de útkomst derfan krige in ûnbidich protte omtinken yn The New York Times en oare kranten. Letter ûndersyk troch de wittenskippers Gilles Monsarrat en Brian Vickers toande lykwols oan dat Foster syn taskriuwing fan In Begraffenistreurdicht oan Shakespeare foarbarich wie. Harren analyze wiisde nammentlik út dat it wierskynliker is dat de auteur John Ford wie. Yn 2002 joech Foster per e-mail oan Monsarrat ta dat er bêst ris mis west hawwe koe.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side. |