De Klaachsang fan in Minneresse
De Klaachsang fan in Minneresse, yn it oarspronklike Ingelsk: A Lover's Complaint (of ek wol The Lover's Complaint), is in lang, ferheljend gedicht, dat foar it earst publisearre waard yn 1609, as in taheakke op 'e earste útjefte fan William Shakespeare syn Sonnetten. Hoewol't it dus yn in boek fan Shakespeare ferskynde en sadwaande iuwenlang oan dy wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter taskreaun is, is it auteurskip fan De Klaachsang fan in Minneresse yn akademyske fermiddens noch altiten in saak fan ûnienichheid. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.
De Klaachsang fan in Minneresse | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | A Lover's Complaint | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | ferheljend gedicht | |
skreaun | 1590-er jierren | |
1e publikaasje | 1609, Londen | |
oarspr. útjwr. | Thomas Thorpe | |
oersetting nei it Frysk | ||
publikaasje | 1976, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Ynhâld
bewurkje seksjeIt gedicht bestiet út sânenfjirtich sânrigelige kûpletten, dy't skreaun binne yn it saneamde rhyme royal, d.w.s. mei it rymskema ababbcc, mei in metrum en opbou dy't identyk binne oan dy fan Shakepeare syn gedicht De Rôf fan Lukresia. Yn it gedicht sjocht de sprekker in jonge frou dy't oan 'e rivierkant sit te skriemen en ûnderwilens teskuorde brieven, ringen en oare leafdestekens yn it wetter smyt. In âldman freget har nei de reden fan har fertriet, en se antwurdet mei him te fertellen oer in eardere minner dy't har it hof makke, har ferlate en har neitiid yn 'e steek liet. Se beslút har ferhaal mei de bekentenis dat se op 'e nij foar de falske sjarmes fan 'e jongfeint falle soe.
Auteurskipsdiskusje
bewurkje seksjeNettsjinsteande de publikaasje fan De Klaachsang fan in Minneresse yn in dichtbondel fan Shakespeare wurdt de taskriuwing oan him dochs gauris yn 'e kiif steld. It gedicht befettet nammentlik withoefolle wurden en taalfoarmen dêr't men yn Shakespeare syn (fierdere) wurk omdôch nei sykje sil, wêrûnder ferskate argaïsmen en latinismen. Ek wurdt De Klaachsang fan in Minneresse soms as ritmysk en opboutechnysk ûnhandich beskôge, al fine oaren it krekt fan treflike kwaliteit. Hoe dan ek, der bestiet yn akademyske fermiddens in lange skiednis fan ûnienichheid oer it auteurskip fan dit gedicht, en hoewol't de measte saakkundigen it der tsjintwurdich oer iens binne dat Shakespeare nei gedachten yndie de skriuwer wie, sil de diskusje sûnder mis fuortbestean oant der in definityf bewiis fan it auteurskip fûn wurdt (en it liket ûnwierskynlik dat dat ea barre sil).
Fryske oersetting
bewurkje seksjeA Lover's Complaint waard yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei de fertalings fan 'e oare Shakespeariaanske poëzij en fan guon Shakespeariaanske trageedzjes.
Keppelings om utens
bewurkje seksje● (in) A Lover's Complaint by Project Gutenberg
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar sekundêre boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |