Fenus en Adoanis
Fenus en Adoanis, yn it oarspronklike Ingelsk: Venus and Adonis, is in lang gedicht fan 'e wiidferneamde Ingelske skriuwer en dichter William Shakespeare, dat skreaun is yn 1592-1593. It is basearre op in passaazje út 'e Metamorphoses fan 'e Romeinske skriuwer Ovidius. It gedicht is in yngewikkeld, mozaysk wurk dat in allegeduerigen ferskowende toan en in hieltyd ferspringend perspektyf brûkt om kontrastearjende mienings oer it aard fan 'e leafde te jaan. It waard foar it earst publisearre yn 1593; oant 1640 waard it fyftjin kear werútjûn, wat it ta ien fan 'e grutte artistyk-finansjele súksessen fan syn tiid makket. De Fryske oersetting fan Douwe Kalma ferskynde yn 1976.
Fenus en Andoanis | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | Venus and Adonis | |
auteur | William Shakespeare | |
taal | Ingelsk | |
foarm | poëzij | |
sjenre | gedicht | |
skreaun | 1592-93 | |
1e publikaasje | 1593, Londen | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | Venus en Adonis | |
publikaasje | 1976, Drachten | |
útjouwer | Fryske Shakespeare Stifting | |
oersetter | Douwe Kalma |
Eftergrûn
bewurkje seksjeYn 1593 hie Shakespeare wierskynlik de earste fiif of seis fan syn toanielstikken skreaun en begûn er bekend te reitsjen. Dat jiers, lykwols, waard Londen troffen troch de útbraak fan 'e pest. Om 'e fersprieding fan 'e sykte safolle mooglik foar te kommen, sleaten de autoriteiten alle publike gelegenheden, wêrûnder ek de skouboargen. Shakespeare griep dy tiid fan twongen linzens oan om poëzij te skriuwen, wêrûnder De Rôf fan Lukresia en Fenus en Adoanis. Hy droech it wurk op oan 'e greve fan Southampton, en hoewol't dy doedestiden sels ek finansjeel yn swierwaar ferkearde, is it mooglik dat sa'n opdracht de grutte toanielskriuwer dochs gjin wynaaien lein hat.
Ynhâld
bewurkje seksjeAs de kreaze jongeling Adoanis (yn lettere myten weromkearend as de god fan 'e skientme en it begear) risselwearret om op jacht te gean, wurdt er tsjinholden troch Fenus, de goadinne fan 'e leafde, dy't him efteroer triuwt om seksuële omgong mei him te hawwen. Hoewol't it him net in protte skele kin, bepraat Fenus him om har te tútsjen. Adoanis fynt himsels te jong foar har en soe eins folle leaver op jacht gean wolle. It gedicht befettet nei alle gedachten Shakespeare syn meast útsprutsen omskriuwing fan seks. Koart nei't se útinoar geane, komt Adoanis om by in "jachtûngemak".
Yn 'e ferzje út Boek 10 fan Ovidius syn Metamorphoses, dêr't Shakespeare him op basearre, wurdt ferteld hoe't de kreaze Adoanis ta minner nommen wurdt troch de goadinne Fenus. Se bliuwe lange tiden yn inoars selskip en geane tegearre op jacht. Fenus warskôget Adoanis om net op gefaarlike bisten te jeien, mar hy slacht har warskôging yn 'e wyn en wurdt deade as er in everswyn tenei komt. Shakespeare syn wichtichste ynnovaasje wie om Adoanis Fenus har avânses ôfstegerje te litten, wat makket dat syn lettere dea ûnder de jacht liket op har wraak.
Fryske oersetting
bewurkje seksjeVenus and Adonis waard ûnder de titel Venus en Adonis yn it Frysk oerset troch Douwe Kalma. Yn 1976 waard it publisearre troch de Fryske Shakespeare Stifting te Drachten, as ûnderdiel fan harren omnibusútjefte Shakespeare's Wurk Dl. VIII, yn 'e mande mei de fertalings fan 'e oare Shakespeariaanske poëzij en fan guon Shakespeariaanske trageedzjes.
Keppelings om utens
bewurkje seksje● (in) Fenus en Adoanis op 'e site fan Project Gutenberg
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
sekundêre literatuer:
|