Anne Hathaway (Shakespeare)

Anne Hathaway (Shottery, 1555/1556Stratford-upon-Avon, 6 augustus 1623) wie de frou fan 'e wiidferneamde Ingelske toanielskriuwer en dichter William Shakespeare, mei wa't se troude yn 1582. Se oerlibbe har man sân jier. Der is suver neat mei wissichheid oer har bekend útsein yn 'e foarm fan ferwizings yn notariële dokuminten, mar har persoanlikheid en har relaasje mei Shakespeare hawwe ûnderwerp west fan in ûnbidich protte spekulaasje, sawol troch histoarisy as troch fiksjeskriuwers.

Anne Hathaway (Shakespeare)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anne Hathaway
nasjonaliteit Ingelsk
berne 1555 of 1556
berteplak Shottery (Ingelân)
stoarn 6 augustus 1623
stjerplak Stratford-upon-Avon (Ingelân)
etnisiteit Ingelsk
wurkpaad
berop/amt húsfrou
reden
  bekendheid
troud mei de toanielskriuwer
   William Shakespeare

Libben bewurkje seksje

Jonkheid bewurkje seksje

Hathaway waard berne yn 1555 of 1556, en groeide foar 't neist op yn Shottery, in lyts doarpke fuort bewesten Stratford-upon-Avon, yn it Ingelske greefskip Warwickshire. Men giet derfan út dat se har jonkheid dêre trochbrocht hat yn it famylje-cottage fan 'e Hathaway's, dat hjoed de dei de wichtichste toeristyske attraksje fan Shottery is. Har heit, Richard Hathaway, wie in einierde boer, dy't syn dochter by syn ferstjerren, yn 1581, seis pûn, trettjin skellings en fjouwer peinjes neiliet, in som dy't útkeard wurde soe op 'e dei dat se troude.

Houlik bewurkje seksje

Doe't Hathaway yn novimber 1582 mei William Shakespeare troude, hie se al wetter yn 'e kelder, en harren dochter Susanna waard seis moanne letter berne. Op 'e tiid fan it houlik wie Hathaway 26 of 27 jier; Shakespeare wie noch mar achttjin. It feit dat se safolle skeelden, yn kombinaasje mei it feit dat it Hathaway doe efter de jûpe al begûn te tinen, is troch party histoarisy brûkt, op grûn fan gjin inkeld bewiis, om te bewearen dat it houlik Shakespeare optwongen wie troch Hathaway har famylje. In skoftke waard tocht dat Shakespeare mei twa froulju omslein hie, poer om't der yn it biskoplik register fan Worcester de ferliening fan in houliksfergunning fermeld stiet oan "Wm Shaxpere" en in "Annam Whateley". De deis dêrop tekenden Fulk Sandells en John Richardson, freonen fan 'e Hathaway-famylje, in boarch fan £ 40,— foar de kosten fan it houlik tusken Shakespeare en Anne Hathaway. Yn The Man Shakespeare, út 1906, bewearde Frank Harris dat dit bewiisde dat Shakespeare eins mei in Anne Whateley trouwe wollen hie, mar dat doe daliks de Hathaway-famylje him twongen hie en trou mei Anne Hathaway. Harris miende dat Shakepeare syn frou net sjen of luchtsje mocht om't se him wjerholden hie fan syn houlik mei syn wiere leafde, en dat dat de reden wie dat er nei Londen ta sette om in karriêre as toanielskriuwer te begjinnen. Tsjintwurdich bestiet der yn akademyske fermiddens lykwols sa goed as in konsensus dat "Annam Whateley" frijwol wis in ferskriuwing west hawwe moat, en dat der dus nea in twadde frou bestie.

 
It cottage tichteby Stratford-upon-Avon, dêr't Anne Hathaway har famylje wenne.

De Britske feministe Germaine Greer wol hawwe dat it ferskil yn jierren der krekt op tsjut dat Shakespeare Hathaway hawwe woe. Yn dy tiid bleaune jonge ûntroude froulju fan wa't de âldelju kommen wiene te ferstjerren, oer it algemien thús om foar jongere bruorren en susters te soargjen. As se dan letter al trouden, wiene se meastentiids al hast tritich jier. As man bea Shakespeare doedestiden net sa'n soad goede foarútsichten, mei't syn famylje finansjeel yn swierwaar kommen wie. Hathaway, in telch út in begoedige en foaroansteande famylje, wie foar Shakespeare in bysûnder goede partij. Fierders wie it yn dy tiid net ûngewoan dat in tsjerklik houlik pas folge nei't men oer de putheak troud wie en de frou swier rekke wie. Doe't er Hathaway ienris heech en dreech hie, wie Shakespeare fansels oan har bûn, mar, sa beweart Greer, der bestiet gjin inkeld bewiis dat er net altyd al fan doel west hie om in bern by har oan te setten en foar de tsjerke mei har te trouwen.

Houlikslibben bewurkje seksje

Shakespeare en Hathaway krigen trije bern, Susanna yn 1583 en de twilling Hamnet en Judith yn 1585. Hamnet kaam te ferstjerren doe't er noch mar alve jier wie. Susanna en Judith trouden allebeide en krigen sels ek bern. Der wurdt gauris oannommen dat Shakespeare itsij fan it begjin ôf oan in hekel oan syn frou hie, of dat er dat meitiid krige, hoewol't dêr gjin bewiis foar fûn wurde kin yn harren briefkerij noch lykfolwêr oars. De oanlieding ta dizze oanname is dat Shakespeare frijwol syn hiele houlik yn Londen trochbrocht dêr't er as toanielskriuwer en akteur wurke, wylst Hathaway mei de bern efterbleau yn Stratford-upon-Avon. Neffens de santjinde-iuwske Ingelske skriuwer en filosoof John Aubrey kearde er lykwols elts jier in hoart werom nei hûs. En doe't er yn 1613 syn teäterkarriêre deroan joech, sette er him nei wenjen yn Stratford, by syn frou, ynstee fan yn Londen te bliuwen.

Yn syn testamint liet Shakespeare Hathaway beruchterwize mar ien ding nei, syn op ien nei bêste bêd mei byhearrend meubilêr. Frijwol al syn oare besittings fermakke er oan syn dochter Susanna en har manlike neikommelingen. It neilitten oan har fan it op ien nei bêste bêd is gauris opfette as in opsetlike mislediging fan Hathaway, en hat hiel wat trelit feroarsake ûnder Shakespeare-kenners. It is lykwols ek oppenearre dat it de bedoeling wie dat de bern nei Shakespeare syn dea foar harren mem soargje soene, wat yn dy tiid in frij gewoane regeling wie, en dat it "op ien nei bêste bêd" Shakespeare en Hathaway harren houliksbêd wie, mei't it yn 'e Elizabetaanske Tiid wenst wie om it bêste bêd te reservearjen foar útfanhûzers. Sa besjoen soe it testamint hielendal gjin mislediging foar Hathaway wêze. Boppedat binne der oanwizings dat Hathaway fan harsels finansjeel ûnder de pannen wie, en gjin beërf fan har man nedich wie.

Ferstjerren bewurkje seksje

Anne Hathaway stoar op 6 augustus 1623 yn 'e âlderdom fan 67 jier, nei't se sûnt 1616 widdo fan Shakespeare west hie. Hja waard njonken har man begroeven yn 'e Tsjerke fan 'e Hillige Trije-ienheid yn Stratford-upon-Avon.

Boarnen, noaten en referinsjes bewurkje seksje

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

wurken fan Shakespeare
Shakespeariaanske trageedzjes
Antonius en Kleopatra | Hamlet | Julius Caesar | Kening Lear | Koriolanus | Macbeth | Otello | Romeo en Julia | Symbelinus | Timon fan Atene | Titus Androanikus | Troilus en Kressida
Shakespeariaanske histoaryske stikken
1 Hindrik IV | 2 Hindrik IV | Hindrik V | 1 Hindrik VI | 2 Hindrik VI | 3 Hindrik VI | Hindrik VIII | Kening Jan | Richard II | Richard III
Shakespeariaanske komeedzjes
Ein Goed, Alles Goed | De Fekke Nuet | De Fleurige Wyfkes | Folle Spul om Neat | Kardenio (ferlern gien) | De Keapman fan Feneesje | In Komeedzje Fol Fersinnen | Leafde's Lêst Al Leanne (ferlern gien) | Leafde's Lêst Net Leanne | Lyk om Lyk | In Midsimmernachtdream | Nei Jim Beleavjen | Perikles, Prins fan Tyrus | Symbelinus | De Stoarm | Trijekeningejûn | De Twa Aadlike Neven | De Twa Eallju fan Verona | It Winterjûnsteltsje
Shakespeariaanske poëzij
De Feniks en de Toartel | Fenus en Adoanis | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | De Klaachsang fan in Minneresse | De Rôf fan Lukresia | Sonnetten (1 • 17 • 18)
Shakespeariaanske apokrifa
gedichtenIn Begraffenistreurdicht | De Hertstochtlike Pylger (foar in diel) | Oan de Keninginne | Sil Ik Stjerre | toanielstikkenArden fan Faversham | De Berte fan Merlyn | Edmund Izerkant | Edwert III | De Ferlerne Soan fan Londen | De Fleurige Duvel fan Edmonton | Hear Thomas Cromwell | John Oldcastle | Lokrinus | Musedoarus | Oer-Hamlet (ferlern gien) | De Puriteinske | Thomas More | Tomas fan Woodstock | In Trageedzje yn Yorkshire | Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester | De Twadde Trageedzje fan de Faam
oare ûnderwerpen oangeande Shakespeare
Mary Arden | Double Falsehood | First Folio | Fryske Shakespeare Stifting | Anne Hathaway | Teatse Eeltsje Holtrop | Douwe Kalma | King's Men | Lord Chamberlain's Men | Hamnet Shakespeare | John Shakespeare | Judith Shakespeare | Susanna Shakespeare | Shakespeare in Love | Shakespeariaansk auteurskipsdebat | Stationers' Register | Stratford-upon-Avon | Tryater