Shottery
Shottery wie in lyts doarp, in lytse twa kilometer bewesten Stratford-upon-Avon, mar wurdt no beskôge as part fan dy stêd, hoewol't it foar it gefoel in apart doarp bleaun is.
It plak hat allinne noch in pub (The Bell Inn); oare hoareka is der net mear.
Shottery wie it wenplak fan Anne Hathaway yn har jonkheid, William Shakespeare syn frou. De Anne Hathaway's Cottage is in populêre toeristyske bestimming. Shakespearsaakkundigen twifelje lykwols oan de echtens fan it hûs as thús fan Anne Hathaway.
Keppeling om utens
bewurkje seksjeOfbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Shottery fan Wikimedia Commons. |