De Fleurige Duvel fan Edmonton
De Fleurige Duvel fan Edmonton, yn it Ingelsk: The Merry Devil of Edmonton, is in toanielstik fan ûnbekend auteurskip út 'e Elizabetaanske Tiid, dat in komeedzje is oer de histoaryske fyftjinde-iuwske gûchelder Peter Fabel, byneamd "de Fleurige Duvel", dy't wenne yn 'e Londenske wyk Edmonton. It is net alhiel dúdlik wannear't it stik skreaun is; guon saakkundigen tinke oan sa'n iere datearring as 1592, mar de measten geane derfan út dat it út 'e perioade 1600-1604 komt. De Fleurige Duvel fan Edmonton waard it earst neamd yn 1604, yn in tekst dy't bekendstiet as it Black Booke. It waard registrearre yn it Stationers' Register, de gesachhawwende útjouwerskatalogus fan dy tiid, yn 1607, en foar it earst publisearre yn 1608.
De Fleurige Duvel fan Edmonton | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | The Merry Devil of Edmonton | |
auteur | taskreaun oan ferskate auteurs (û.o. William Shakespeare) | |
taal | Ingelsk | |
foarm | toanielstik | |
sjenre | komeedzje | |
skreaun | 1592-1604 | |
1e publikaasje | 1608, Londen |
Skiednis
bewurkje seksjeDe Fleurige Duvel fan Edmonton skynt in populêr stik west te hawwen; it waard opfierd oan it Ingelske Keninklik Hof yn 1608, en it wie ek ien fan 'e tweintich stikken dy't de King's Men, in ferneamd teäterselskip, oan it Hof opfierden yn 'e krystperioade fan 1612-1613, as ûnderdiel fan 'e festiviteiten ta eare fan it houlik fan prinsesse Elizabeth, de dochter fan kening Jakobus I, mei Freark V, de karfoarst fan 'e Palts. (Ut 'e moderne tiid is lykwols mar ien inkele opfiering bekend, yn Philadelphia, yn 2010.) It stik waard werútjûn yn 1612, 1617, 1626, 1631 en 1655. Al dy útjeften wiene anonym.
Utjouwer Humphrey Moseley krige yn 1653 de rjochten op De Fleurige Duvel fan Edmonton yn 'e hannen, en liet it yn septimber fan dat jier op 'e nij registrearje, diskear ûnder de namme fan William Shakespeare. Dy taskriuwing waard werhelle troch Edward Archer yn syn opsomming fan toanielstikken út 1656, en troch Francis Kirkman yn dy syn opsomming út 1661. De Fleurige Duvel fan Edmonton waard mei twa oare stikken dy't ta de Shakespeariaanske apokrifa rekkene wurde, Tsjeppe Em, de Moolnersdochter fan Manchester en Musedoarus, foar de bibleteek fan kening Karel II ynbûn yn ien bân mei as titel Shakespeare: Vol. I ("Shakespeare: Diel I").
Auteurskip
bewurkje seksjeDe taskriuwing oan Shakespeare wurdt tsjintwurdich oer it algemien ôfwiisd, al wie De Fleurige Duvel fan Edmonton in stik fan 'e King's Men, dêr't Shakespeare ek ta hearde. Saakkundigen binne fan tinken dat de grutte toanielskriuwer miskien by it skriuwen fan dit stik wat holpen of redigearre hat, mar stelle fêst dat de skaaimerken op it mêd fan skriuwstyl en taaleigen dy't ferwachte wurde meie soene as Shakespeare in substansjele rol by de tastânkomming fan De Fleurige Duvel fan Edmonton hân hawwe soe, allegear ûntbrekke. Oare toanielskriuwers oan wa't it stik wol taskreaun is, binne Michael Drayton, Thomas Heywood en Thomas Dekker, mar gjint fan dy taskriuwings wurdt ek mar yn 'e fierste fierte algemien akseptearre.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|